Laatste nieuws - Lêste nijsSjoch by Nijsbrieven |
|||
| 6 febrewaris | Traveliers oanbod foar de skoallen Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery. |
||
| 3 febnrewaris | Alvestêdeferhaal fergees Temperatueren sakje djip ûnderút, it iis groeit stadichoan en elkenien hat reedriden yn 'e holle. Om alfêst in bytsje yn de alvestêdesfear te kommen (jo kinne sa'n tocht sa mar misse!), stelt Audiofrysk yn de mande mei Luisterrijk, Bornmeer en skriuwer Hylke Speerstra, ien alvestêdeferhaal út De Kâlde Krústocht fergees beskikber.
|
||
| 29 jannewaris | Nasjonale foarlêsdagen wer foarby. De Mentha Minnemaferhalen binne in oantal kearen delhelle. Hoefolle bern soene fan de ferhalen genietsje kinne? Undertusken is Mentha Minnema en it klokkemystearje noch altyd fergees beskikber. Dat is no al mear as 100 kear oatúgd foar 0 sinten. Klik op de link om it sels ek te besjen. |
||
| 18 jannewaris | Nasjonale Foarlêsdagen út ein! Helje fergees in prachtige detektive yn 'e hûs. Foar bern dy't fan spanning hâlde. |
||
| 17 jannewaris | Fjouwerstêdetocht fan start! André Looijenga brocht in oandachtich gehoar op de hichte mei de kollega lytse talen út Lúksemboarch en Friulië. Ek gie er yn op wat it betsjut om te skriuwen yn in minderheidstaal.
|
![]() |
|
| 12 desimber | List fan berneboeken by Audiofrysk Spesjaal foar fersprieding op de skoallen is der in nije fûnslist opsteld fan alle harkboeken, dy't oan no foar bern útkommen binne. De opsomming rint fan Spikergek fan Anny de Jong oant Kantsjeboard op Kurasao fan Auck Peanstra yn de Traveliersrige. Ek de eardere Mentha Minnemaboeken binne wer even nei de foargrûn helle. |
||
| 25 novimber | Klaas Bruinsma sjongt in liet fan Gysbert Japiks yn it Latyn. Dêrûnder stiet de Fryske tekst en de oersetting.
|
||
By't opgean fan de sinne fan Gysberyt Japiks Wolkom, freugde fan de wrâld Kears en lampe fan de dei 'k Sjoch de nacht alrju ferflein |
Sub solis Orta Ave, mundi gaudiam, Clara fax diei es, Iamque evolavit nox |
||
| 8 novimber | Knappe start Tyskerblues Snein 6 novimber kaam der in moaie ploech publyk ôf op it earste blueskonsert yn de Tysker yn Easterwierrum. It poadium, opboud mei skerms fan grutte pallets, foel yn de smaak en de Gin House Bluesband hie der sin oan. Se wiene op folle bluessterkte oantreden en spilen mei seis man. In prachtige sneintemiddei waard it, it iennichste dat ús ôffoel wie de broadsjekonsumpsje. Je kinne ek net alles krekt ynskatte. Fierder wie de muzyk en de ambiânse optimaal. Is it de opmaat nei in rige?
|
||
| 17 oktober | Prima dei yn Drachten De sinne skynde oer de Fryske literatuer, it is al wer jierren lyn dat it sok moai waar wie op de boekemerk op it Frânske pleintsje.
|
Foar mear foto's sjoch Wâldnet. | |
| 7 oktober | Sneon 15 oktober boekemerk yn Drachten De earste boekemerk fan Boeken fan Fryslân wurdt no sneon yn Drachten holden. Hjirûnder de tekst fan it parseberjocht As ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek organisearret de stichting Boeken fan Fryslân op sneon 15 oktober fan 11.00 oere ôf oant 17.00 oere de boekemerk yn Drachten op it Frânske Pleintsje (Noarderbuert). Alle útjouwers yn Fryslân presintearje dêr harren nijste romans, berneboeken, itensiedersboeken ensafh. Neist de nije útjeften is der ek wer in ferskaat oan oprommingsboeken. Fierders hawwe jo de gelegenheid om yn kontakt te kommen mei jo favorite auteur. Skriuwers as Durk van der Ploeg, Hylke Speerstra, Willem Schoorstra, Auck Peanstra, Johan Veenstra, Ate Grypstra ensafh. binne oanwêzich. It gehiel wurdt muzikaal opfleure troch Bennie Huisman. |
||
| 17 sept | Moanne fan it Fryske Boek By oankeap fan in harkboek fia de website fan Audiofrysk krije jo fergees it papieren kadoboek fan Hylke Speerstra De Treastfûgel derby. |
![]() |
|
| 11 sept | Moanne fan it Fryske Boek De Moanne fan it Fryske Boek komt der oan. De Moanne begjint mei it Boekefeest op 16 septimber. Dan wurdt ek it boekewikegeskink De treastfûgel fan Hylke Speerstra presintearre. |
||
| 23 juny | Palindroomwedstriid fan Taalburo Popkema Anne Popkema stelde in pear harkboeken fan Audiofrysk beskikber as priis. Sjoch hjir in stikje út it sjueryrapport: Wat de sjuery as it moaiste palindroom beskôget, is de ynstjoering fan Henk Wolf: It foldie de sjuery benammen dat der gjin ôfkoartings of útroppen yn brûkt binne, en dat der twa sokke moaie âlde Fryske tiidwurden yn brûkt wurde (tije en teppe). It poëtysk absurdisme makket de fraach oft it semantysk al of net sinfol is, oerstallich. Lit it wurdboek mar gewoan yn de kast en genietsje fan de taal. It is ommers wat it is, en oarsom allyksa. In palindroom. Lês mear op Skanumodu. |
||
| 21 juny | De harkboeken fan Audiofrysk binne no ek online by Libris en Blz. Vanaf vandaag ook luisterboeken downloaden via websites van Libris en Blz. Haarlem, 22 juni 2011 – Luisterrijk bv en Libris/Blz bv gaan samenwerken om het aanbod van Luisterhuis te integreren met het aanbod van libris.nl. en Blz.nl. Webklanten van de Libris-en Blz.-boekhandels kunnen in hetzelfde winkelwagentje dan ook luisterboekendownloads aanschaffen, naast gewone boeken, e-boeken en luisterboeken op cd. Net als ebooks mogen luisterboeken rekenen op een groeiende belangstelling. Luisterrijk bv, marktleider op het gebied van downloadbare luisterboeken in Nederland en Vlaanderen, en Libris en Blz, één van de meest toonaangevende boekhandelsgroepen met het grootste gezamenlijke marktaandeel van 17% in de algemene boekenmarkt, hebben vandaag een samenwerkingsovereenkomst gesloten waarbij het totale aanbod van luisterboeken in mp3-downloadvorm wordt toegevoegd aan de online winkel van Libris en Blz. Alle Libris en Blz.-winkels krijgen op die manier binnenkort in hun webshop hetzelfde aanbod als Luisterrijk. Legaal downloaden groeit Luisterhuis Inmiddels heeft Luisterhuis overeenkomsten gesloten met Boek.be / www.e-boek.org, Boekhandel van Stockum, Boekhandel Huyser, M+ Groep, Bebok / Zelfhulpstore, CareCam Systems, YouBeDo, BookInABox en dus nu ook met Libris en Blz. Huub van de Pol, mede-oprichter van Luisterrijk: 'De jaarlijkse Week van het Luisterboek, nu alweer voor het zevende achtereenvolgende jaar georganiseerd, laat zien dat het luisterboek in Nederland inmiddels een vaste plaats heeft gekregen. Maar veel consumenten kennen het luisterboek simpelweg nog niet en door samenwerkingen met toonaangevende partijen als Libris en Blz. zal de omzet in dit segment groeien en heeft de consument meer keuzevrijheid.' Betere dienstverlening boekhandels Caroline Damwijk, directeur van Libris/Blz. bv.: 'Wij willen onze klanten digitale diensten kunnen aanbieden, zoals ebooks, ebookbonnen, luisterboeken etc. Door op landelijk niveau overeenkomsten af te sluiten zoals met Luisterhuis kunnen onze boekhandels vrijwel zonder additionele kosten hun assortiment uitbreiden en service verbeteren. Een aantal Libris- en Blz.-boekhandels hebben in de winkel ook al een Luisterkiosk staan om de consument ter plekke beter te informeren over luisterboeken, en zo sluiten online en offline perfect op elkaar aan.'
|
||
| 1 juny | Ien foar de wraak is no in moanne lang fergees as download te krijen by Luisterrijk. Nije poster detektives. | ||
| 27 maaie | Fergees dellade fan Ien foar de wraak: 1 juny -1 july Om it harkboek yn de hûs te krijen, geane jo rjochtstreeks nei Luisterrijk en type Ien foar de wraak yn it Zoek-fak. Dan wiist it him fansels. De aksje start op 1 juny.
|
||
| 23 maaie | Audiofrysk stelt, yn de mande mei Luisterrijk, de detektive Ien foar de wraak fan Joop Boomsma yn de moanne juny fergees beskikber. Dizze knap skreaune misdiedroman wurdt meinimmend foarlêzen troch Sjoerd van Beem. |
![]() |
|
| 16 maaie | Tolkien kongres - De Hobbit yn it Frysk Op it Tolkienkongres fan 20-22 maaie 2011 op kasteel De Berckt yn Baarlo (Limboarch) sil Anne Tjerk Popkema ien en oar fertelle oer syn oersetting fan De Hobbit. Ek it harkboek komt sa ûnder de oandacht fan in protte Tolkienleafhawwers. Foar mear ynformaasje sjoch by Unquendor.
|
||
| 8 maaie | De Hobbit, It piipjen fan de proai en de lêzingesearje Oer Fryske Literatuer 2000-2010 binne no online bij Luisterrijk. | ![]() |
|
| 5 april | De Hobbit is útkommen! Dit klassike 'berneboek foar folwoeksenen' fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy't de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset. No is it ek as audioboek te keap by Audiofrysk.
|
![]() |
|
| 2 april | Iepenjen seizoen kadowinkel Op 'e stâl yn Bûtenpost mei ekstra oandacht foar Anny de Jong. Sjoch fierder by Yn de media. |
![]() |
|
| 14 maart | Parseberjocht oer Dy't in hûs fynt op 'e wyn de doar út. Lês it hiele berjocht by Yn de media. |
![]() |
|
| 4 maart | Luisterboeken downloaden is populair Lês der mear oer by Yn de media.
|
||
| 24-26 feb 2011 | Trijelannenkonferinsje yn Antwerpen Berneboekeskriuwers út Bel;gië, Dútslân, Nederlân en Fryslân praten twa dagen lang oer de berneliteratuer fan de ôfrûne tiid en benammen ek fan de takomst. Lês der mear oer by Yn de media. |
||
| 13 febr 2011 | Earste ferkeapaksje fan Boeken fan Fryslân yn Jorwert Ta gelegenheid fan de Valentijnsdei - Ferhaletocht Leafde foar de winter yn Jorwert hat in sutelploech út it aktive doarp Fryske boeken ferkocht. By it oanbod wiene ek fjouwer harkboeken fan Audiofrysk en dêr wie prima belangstelling foar. Harkboeken en ferhalenfertellers is fansels ek in moaie kombinaasje. Foar foto's fan de ferhaletocht sjoch de site fan Jorwert. |
||
| 8 febr 2011 | Lêzing 8 febrewaris 2011: It libben sels De ôfrûne tsien jier hat in opmerklik oantal biografyen it ljocht sjoen. Bygelyks oer Anne Wadman, Fedde Schurer en Pieter Jelles Troelstra. En der is ien op kommendewei oer Gerbrandy, dêr’t Cees Fasseur mei dwaande is. Oer dit aktuele en tige nijsgjirrige sjenre hat Doeke Sijens op ’e tekst west. Hy prate út eigen ûnderfining mar yn syn lêzing hat er it hiele fjild oereide. Dat die er oan de hân fan ferskate foarbylden en krityske skôgings. |
![]() |
|
| 29 jan 2011 | Twa nije audioboeken by Audiofrysk Alle dichtbondels fan Abe de Vries binne yn in sammelwurk ferskynd ûnder de titel Dy't in hûs fynt op 'e wyn. It nijsgjirrige is, dat dizze samling allinne as harkboek beskikber is. Alle 208 gedichten binne yn de knappe fertolking fan de dichter sels te hearren. De ferhalebondel Ûnder de seespegel fan Durk van der Ploeg is no as harkboek op de merk brocht. It giet om langere ferhalen, dy't syn hiele wurksume libben as skriuwer beslane. Sa is dit audioboek in goede manier om mei it wurk fan ien fan de grutste Fryske skriuwers fan no yn de kunde te kommen. |
||
| 26 jan 2011 | Spegelskrift - Alpita de Jong De tredde Sirkwy Seminarlêzing by Tresoar wie prima besocht. Nei de lêzing wie der tiid om oer de romankeunst te praten. Opfallend wiene de soms diametraal foar inoar oer steande mieningen oer bepaalde boeken (Oxzana, De Mjitte.) De hiele lêzing komt begjin nije wike op Sirkwy te stean. |
||
| 20 jan 2011 | Nationale voorleesdagen - Nasjonale foarlêsdagen: Net allinne boeken foar pjutten en beukers, ek foar de wat gruttere bern is der dit jier wer in boek fergees beskikber! Helje it harkboek Nacht op it eilân fergees del by Audiofrysk en set it yn de mp3-spiler, de iPad, iPod, iPhone, smartphone, blackberry, en de bern hawwe in spannend oerke op Schylge. |
||
| 14 jan 2011 | Is de Fryske literatuer âldfrinzich? Wurde der noch wol boeken útjûn dy't de muoite wurdich binne? Op dizze fragen krije jo antwurd op tiisdei 25 jannewaris. Dy jûn sil Alpita de Jong op 'e tekst oer it Fryske proaza fan 2000 oant 2010. Se docht dat oan de hân fan ferskate romans, dêr't se krityske opmerkings by pleatst en oanjout wêr't har miening op basearre is. Net eltsenien sil it altyd mei har fisy iens wêze en dêrom is der ek romte foar fragen en diskusje. Alpita de Jong (1962) studearre algemiene literatuerwittenskip en Italjaanske taal- en letterkunde yn Leiden. Sûnt 1998 publisearret se oer de Fryske literatuer. Se wurke as dosint Fryske letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam en promovearre dêr yn 2009 op in proefskrift oer Joast Halbertsma syn kontakten mei oare taalgelearden yn Europa. Dizze lêzing is de tredde yn in rige fan fjouwer jûnen 'Sirkwy Seminar Fryske Literatuer'. De searje wurdt ôfsletten op 8 febrewaris, troch Doeke Sijens mei de lêzing 'It libben sels', dat giet oer de biografy. It projekt is in inisjatyf fan Audiofrysk, dat dêryn gearwurket mei Tresoar, Taalburo Popkema, Bibliotheekservice Fryslân en de Fryske Akademy. Nei ôfrin wurde de fjouwer lêzingen publisearre, om dêrmei de lêste tsien jier Fryske literatuerskiednis fêst te lizzen. |
||
| 12 jan 2011 | Ynspirearjende jûn mei Bouke Oldenhof Lês mear by Yn de Media. |
![]() |
|
| 6 jannewaris 2011 | Tromp fan Driessen - Online De hiele lêzing fan Hylke Tromp oer de moderne poëzij fan Fryslân is no nei te lêzen fia de site fan Sirwky.nl. |
![]() |
|
| 23 desimber | Gedichten fan Abe de Vries Ynkoarten ferskynt by Audiofrysk de earste folsleine audioferzje fan it sammele dichtwurk fan in Fryske skriuwer. Gysbert Japixc priiswinner Abe de Vries hat syn fiif bondels byinoar brocht yn it harkboek: Dy't in hûs fynt op 'e wyn. Begjin jannewaris komt it út.
|
||
| 1 desimber | De tromp fan Driessen - Hylke Tromp De earste Seminarlêzing oer de poëzij fan de ôfrûne tsien jier is bjusterbaarlik goed slagge. Wy hiene in moaie opkomst, mei in protte dichters ek, en de wiidweidige lêzing fan Hylke Tromp hold de oandacht fan it begjin ôf fêst. |
![]() |
|
| 12 novimber | Sirkwy Seminar Tariedingen foar it Sirkwy Seminar Fryske Literatuer yn folle gong. De earste lêzing is De tromp fan Driessen troch Hylke Tromp oer de poëzij fan de lêste tsien jier. (30 nov. 20.00-22.00 oere by Tresoar.) Kaartsjes of passepartouts binne no te bestellen fia dizze site. Sjoch foar mear ynformaasje de spesjale Seminarside fan Audiofrysk. |
||
| 12 oktober | Twa titels fergees beskikber Foar de promoasje fan it Fryske harkboek binne no twa audioboeken fergees beskikber as download by Luisterrijk. |
||
| 2 oktober | Drokke boekemerk yn Drachten Protte minsken, ferkeap hat wolris grutter west. |
||
| 20 septimber | Audiofrysk is oanwêzich op twa boekemerken tagelyk! Op sneon 2 oktober wurde de harkboeken fan 10-17 oere ferkocht yn Drachten,en fan 13-17 oere yn de tsjerke fan Jorwert. Mear ynformaasje oer Jorwert stiet yn de flyer . Foar de boekemerk yn Drachten sjoch de Moanne fan it Fryske boek. | ||
| 3 septimber | Kadootsje fan Audiofrysk yn de Moanne fan it Fryske boek Wa't yn it besit is fan 'Los Sân' fan Greet Andringa, kin it harkboek fan De diggels fan Che foar nul sinten dellade by www.luisterrijk.nl. De koade foar yn it boek jout rjocht op ien download fan de ferhalen, foarlêzen troch de skriuwster sels. Dizze aksje duorret de hiele moanne septimber, oant en mei de dei fan de boekemerk yn Drachten op 2 oktober. |
||
| 15 juny | Start 'Week van het Luisterboek' Yn de radioútstjoering fan Kunststof op radio 1 is de Week van het Luisterboek (16 - 27 juny 2010) ynsetten mei it útrikken fan de Estapriis foar it bêste harkboek fan 2009. Op de foto kriget Thomése de priis út hannen fan sjueryfoarsitter Hadassah de Boer. |
![]() |
|
| 9 juny | De Traveliers winne de Bongelboekepriis fan de NHL! Sjoch hjir foar in ympresje. |
||
| 22 maaie | Prachtige tentoanstelling oer Rink van der Velde by Museum Drachten. Sjoch fierder by Yn de media. |
![]() |
|
| 26 april | Audiofrysk oansluten op digitale biblioteek yn Sirkwy Yn de Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer (DBFL) binne in oantal titels opnommen dy’t troch Audiofrysk ferkocht wurde as audioboek. It giet om Froukje Annema - Sûnder garânsje Audiofrysk en Tresoar hawwe ôfpraat dat sy nei elkoar ferwize sille. Minsken dy’t de DBFL rieplachtsje kinne sa maklik by de bestelfunksje fan Audiofrysk komme, en omkeard kinne besikers fan de Audiofrysksite maklik by de tekst fan it boek komme. Sagau’t Audiofrysk mar boeken út de digitale biblioteek beskikber hat, sille dêr de tekst en de audio-site ek fan keppele wurde. Fan Sûnder garânsje kin út de DBFL wei allyksa maklik in boek-eksimplaar besteld wurde by útjouwerij Elikser. De oare trije fan de boppeneamde titels binne net by Elikser te keap, omdat de lêste printing noch leverber is. |
![]() |
|
| 20 april | It jier 2010 is útroppen ta Rink van der Veldejier. Om de bekende skriuwer te earjen, wurdt tiisdei 20 april yn Drachten in sympoasium holden oer de Twadde wrâldoarloch yn it wurk fan Van der Velde. Tagelyk ferskynt dan it boek: De Oarloch fan Rink van der Velde, mei trije romans yn ien bân: 'Beafeart nei Saint Martin', 'De Ofrekken' en 'Alde Maaie'. Audiofrysk is mei in stand oanwêzich op it sympoasium om de harkboeken 'Feroaring fan lucht' en benammen 'De Fûke', dat ommers ek oer de oarloch giet, ûnder de oandacht te bringen. Laad hjir de poster del. Ek nij: poster fan de nije harboeken april 2010 poster Fryske harkboeken algemien |
![]() |
|
| 10 april | Twa nije harkboeken op CD te keap: En de earste echte detektive fan Audiofrysk: It spannende Kûgels foar Kant, fan Sietse de Vries. It totaal fan Audiofrysk is sa kommen op 45 harkboeken. |
![]() |
|
| 12 maart 2010 | 1000ste harkboek by Luisterrijk online Fan 'e wike gie www.luisterrijk.nl oer de grins fan 1000 harkboeken op harren site. Fan Audiofrysk hawwe wy der sa'n 45 titels oan bydroegen, hielendal net min út it lytse taalgebiet wei. |
||
| 5 maart | De Fûke en De diggels fan Che Hjoed binne twa nije harkboeken útkommen. Fan Greet Andringa is har debútbondel De diggels fan Che as harkboek ferskynd by Audiofrysk. De skriuwster hat de ferhalen sels ynlêzen en jout sa in bysûnder autentike sfear mei oan dit moderne harkboek, |
![]() ![]() |
|
| 15 - 01 -10 | 'Help... in hûn' 10 dagen lang yn de belangstelling! By de nasjonale foarlêsdagen leit de klam op de jonge bern, mar dit jier is der yn Fryslân ek omtinken foar de âldere groepen. It boek Help... in hûn, fan Anny de Jong, is dy dagen yntegraal, yn syn hiele hear en fear, as harkboek beskikber op de site fan It Frysk Berneboek. Fan 20 oant en mei 30 jannewaris is it ferhaal dêr gratis del te laden. Sa kin elts dy't dat wol, op in ienfâldige manier yn de kunde komme mei it fenomeen harkboek. Dit audioboek oer Lideweij en Kasper, oer Marianne de sjoernaliste en oer harren freon DJ (Durk Jan) dy't safolle mei kompjûters kin, wurdt foarlêzen troch de skriuwster sels. Harkje, hoe't Ster, de hûn dy't Marianne by wurk en wenjen helpt, in eangstich aventoer belibbet, as syn bazinne midden yn de nacht noch nei de redaksje ta moat. De oanbiedingsbrief foar skoallen en pjutteboartersplakken stiet by Yn de media. |
|
|
| Alder nijs | 2007 2007/8 2008/9 2009 | ||