Earder nijs: 2009 |
||
| 14 oktober | Earste eksimplaar De Kâlde Krústocht oanbean Op in troch de Rotary Nijehove organisearre byienkomst yn Tresoar is woansdei it alderearste eksimplaar fan it audioboek fan De Kâlde Krústocht troch skriuwer en ynlêzer Hylke Speerstra oanbean oan Klasina Seinstra. Hy lies ek in ferkoarte ferzje fan in âlvestêdeferhaal foar. De middei waard fierder ynfold mei in prachtich ferhaal fan Ira Judkovskaja en Siart Smit fan Tryater oer harren alvestêdetocht fan de ôfrûne winter. In fideo fan in part fan de foarstelling by Winaam brocht de alvestêde-kjeld wer eefkes hiel tichtby. Ek waard in trailer fan de nije film fan Steven de Jong, De hel van '63, fertoand. |
|
| 10 oktober 2009 | Gouden Gurbe foar Tuskentiid! |
![]() |
| 2 oktober 2009 | Audioboek It Heksershol nei Molkwar Op tongersdei 1 oktober is yn Molkwar it earste eksimplaar fan it audioboek 'It Heksershol' oanbean oan Simon en Beitske de Jong, en oan Gosse Knop himsels. No't Gosse Knop weromkommen is yn Molkwar, as haadpersoan fan de teaterfoarstelling fan SULT, joech dit in prachtige kâns om him mei syn eigen ferhaal te konfrontearjen. Ek it echtpear De Jong, twa fan de âldste ynwenners fan Molkwar, dy't noch net sa lang lyn nei Koudum ferhuze binne, wie tige fergulde mei it harkboek. Ta beslút song Alie Ludema it prachtige liet 'Bliuw by my' út de foarstelling. |
![]() |
| 28-09-09 | Parseberjocht
|
![]() |
| 09-09-09 | Audiofrysk yn Muzyk yn bedriuw op Omrop Fryslân radio. Harkje nochris nei it petear fan Arjen Overmaat mei Jan Schotanus by Yn de media. |
|
| 4 en 5 septimber | Freed 4 septimber is yn Stiens de lêste sutelaksje fan stifting It Fryske Boek yn de wênstige foarm fan start gien. Harkboeken fan Audiofrysk dogge foar it earst mei yn de kroade.Yn it boekeblêd NO stiet in aardich artikel oer de audioboeken yn it Frysk. |
![]() |
| 28 augustus | Prachtige premiêre iepenloftspul TUSKENTIID. Lês de resinsjes: Fedde Dijkstra yn de LC en Rianne Kramer yn it FD. Sjoch de trailer en de útstjoering op GPtv. |
|
| 18 augustus | Ynterview op radio Middelsee oer De Traveliers Op tiisdei 18 augustus wiene de trije auteurs fan de berneboekesearje De Traveliers te gast by Hette van der Wal foar Middelsee Actief op radio Middelsee yn Stiens. |
|
| 15 augustus | Audiofrysk kriget op 'en nij subsydzje Ek foar it jier 2009-'10 hat de provinsje Fryslân subsydzje tasein foar de aktiviteiten fan Audiofrysk. Dit jier is dy njonken it produsearjen fan nije harkboeken ek rjochte op promoasje fan it harkboek yn it Frysk en it ferbreedzjen fan it draachflak foar dit medium. Sa is yn de betingsten de gearwurking mei û.o. Edufrysk en de bibleteken neamd. |
|
| 4 july | Koarting by Luisterrijk Om it 3-jierrich bestean te fieren jout www.luisterrijk.nl oant 12 july 13 % koarting op de priis fan online harkboeken. Dy 13% is it ferskil yn btw tusken harkboeken (19) en papieren boeken (6). |
![]() |
| 19 juny | Freed - Ljouwerter Krante Yn de Freedbylage stiet in aardich artikel fan Sietse de Vries oer it útjaan fan harkboeken troch Audiofrysk. |
|
| 16 juny | Harkboekekwis Op Audiofrysk wurdt yn de 'Week van het Luisterboek' in audiokwis presintearre. Ried út hokker boek it fragmint komt en meitsje kâns op ien fan de audioboeken (maks. 5 cd's) út it fûns. Woansdei 17 juny stiet it earste fragmint op de site. |
|
| 4 juny | Presintaasje fan Skúnpútsersgúd fan Anne Feddema by it HCL yn Ljouwert. It boek, dat troch Bornmeer útjûn wurdt, befettet 40 ferhaaltsjes yn it Leewarders. Op de beide cd's fan it harkboek dat troch Audiofrysk makke is, wurde 20 foarlêzen troch de skriuwer. |
![]() |
| 24 maaie | Yninoar sette fan 511 harkboeken Foar de aksje fan Fryske Akademy, AFUK en Audiofrysk om alle skoallen in presintsje te jaan, moasten mear as 500 harkboeken fan De Traveliers - It goud fan de Aboriginals produsearre wurde. De skriuwers makken der in gesellige snein fan by DAT tekstbureau achter hûs. |
![]() |
| 16 maaie | Moaie presintaasje fan boek en harkboek en kaart yn de greiden by Duveldrek tusken Achlum en Hitsum. |
|
| 8 maaie | Audiofrysk makket harkboekferzje fan ferhaletocht Twa jier lyn is de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel begûn mei it sykjen nei folksferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel en dy hawwe se fûn! Op 16 maaie komt it boek: Fan Duveldrek nei Hoarnestreek út. In boek mei 30 ferhalen, foto’s, in hiel protte anekdoates, in rûte troch alle 16 doarpen, plattegrûnen fan de gemeente en de doarpen, in rûte yn elk doarp en histoaryske feiten. |
|
| 3 april | Twa nije harkboeken yn it fûns fan Audiofrysk Yn 2002 ferskynde by De Arbeiderspers it proazadebút fan Harmen Wind: Het verzet. De skriuwer hat it boek dêrnei sels oersetten, eins op 'en nij skreaun yn it Frysk. En no hat er de hiele roman ynlêzen en kin it as harkboek kocht wurde (10 cd's, € 24, online aanst € 19). Akky van der Veer hat har histoaryske novelle Kuneara foarlêzen foar de mikrofoan. Sa rint it tal nije harkboeken al moai nei de tweintich ta. (De doelstelling fan Audiofrysk foar it earste projektjier, dat rint fan 1 sept. 2008 - 1 sept. 2009.) |
![]() ![]() |
| 1 april | Jorwert fan start Op woansdeitejûn 1 april setten de repetysjes foar Tuskentiid - Je moatte der yn leauwe út ein. Op de folle boppeseal fan Het Wapen van Baarderadeel hold regisseur Tjerk Kooistra in ynspirearre betooch oer doelen en driuwfearen en dat it dochs benammen giet om wat jo yn De Tuskentiid dogge. Dêrnei koe it bysûndere dekorûntwerp fan Ekko de Bakker besjoen wurde. Je witte daliks dat it stik yn desimber spilet. |
![]() |
| Alder nijs | 2007 2007/8 2008/9 | |