Home
Berneboeken
Bestelle

Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 

Downloads tydlik

 

Literêre 4-stêdetocht

Lêzing 1 André Looijenga

Lêzing 2 Greet Andringa

Lêzing 3 Sigrid Kingma

 

 

Audiofrysk.

 

 

 

 

Parseberjocht Literêre Alvestêdetocht

Parseberjocht 3 jannewaris 2012

 

Literêre 4-Stêde Tocht



Op 17 jannewaris begjint de Literêre 4-Stêde Tocht. Dat is in net earder fertoand fenomeen, mei as doel de diskusje oer Fryske literatuer libjend te hâlden. As earste sprekker komt André Looijenga (winner fan de Jongereinblog 2011) op ’e tekst oer it skriuwen yn in lytse taal. Yn syn lêzing sil hy û.o. de Fryske situaasje fergelykje mei dy fan it Lúksemboarchsk en it Friûlysk.

Fjouwer sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in tal markante aspekten fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. De lêzingen wurde hâlden yn de fjouwer grutste Fryske stêden: Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits, alle kearen op in tiidsdeitejûn yn in bibleteek. Elke lêzing stiet op himsels en de harkers hoege net de hiele 4-stêdetocht te folbringen…

De Literêre 4-Stêde Tocht wol minsken berikke dy’t har betrutsen fiele by de Fryske literatuer. Dêrta wurde û.o. rekkene skriuwers, lêzers, studinten, dosinten, sjoernalisten, resinsinten, útjouwers, ûnderwizers, Afûk-kursisten, leden fan Fryske kriten, bibleteek meiwurkers, leden fan lêsgroepen, ensafh.

De earste lêzing hat as titel ‘Literatuer yn lytse talen’ en wurdt 17 jannewaris holden yn Tresoar, Ljouwert. Alle fjouwer lêzingen begjinne om 20:00 oere. Mear ynformaasje oer it program is te finen op www.sirkwy.nl de webside fan de Fryske literatuer.


Sirkwy is it webstee dêr't de leafhawwers fan Fryske literatuer telâne kinne. Yn it seizoen 2010/2011 binne yn Tresoar mei grut sukses fjouwer lêzingen hâlden oer de Fryske literatuer fan nei 2000. De rige krige de tapaslike namme Sirkwy Seminar. Yn 2012 wurdt de rige fuortset mei fjouwer lêzingen, moai ferspraat oer Fryslân. De organisaasje fan de Literêre 4-Stêde Tocht  is yn hannen fan Tresoar, Taalburo Popkema, de Fryske bibleteken en it Frysk literêr tiidskrift Ensafh.

 

 

 

 

Persbericht 3 januari 2012

 

Aankondiging ‘Literêre 4-Stêde Tocht’



Op 17 januari begint de ‘Literêre 4-Stêde Tocht’. Dit is een niet eerder vertoond fenomeen, met als doel het levend houden van de discussie over de Friese literatuur. Als eerste spreker zal André Looijenga (winnaar van de Jongereinblog 2011) een inleiding houden over het schrijven in een kleine taal.

Vier verschillende sprekers hebben de opdracht aangenomen een aantal markante aspecten van de Friese literatuur uit te werken in een lezing en een essay. Deze lezingen worden gehouden in de vier grootste Friese steden: Leeuwarden, Heerenveen, Drachten en Sneek, steeds op een dinsdagavond, in een bibliotheek. Elke lezing staat op zich, waarbij de deelnemers niet verplicht zijn om de hele 4-stedentocht te volbrengen…

De ‘Literêre 4-Stêde Tocht’ richt zich op mensen die zich betrokken voelen bij de Friese literatuur. Hiertoe behoren o.a. schrijvers, lezers, studenten, docenten, onderwijzers, journalisten, recensenten, uitgevers, Afûk-cursisten, leden van Fryske kriten, medewerkers van bibliotheken, leden van leesgroepen, etc.

De eerste lezing, met als titel ‘Literatuer yn lytse talen’ is op 17 januari in Tresoar te Leeuwarden. Alle lezingen zijn Friestalig en de aanvang is steeds 20:00 uur. Meer informatie over het programma staat op www.sirkwy.nl de webside van de Friese literatuur.


Sirkwy is de website voor liefhebbers van de Friese literatuur. Tijdens het seizoen 2010/2011 waren er in Tresoar vier succesvolle lezingen over de Friese literatuur vanaf 2000, onder de toepasselijke naam Sirkwy Seminar. In 2012 wordt de reeks voortgezet met vier nieuwe lezingen, ditmaal verspreid over de hele provincie. De organisatie van de ‘Literêre 4-Stêde Tocht’ is in handen van Tresoar, Taalburo Popkema, de Friese bibliotheken en Ensafh (Fries literair tijdschrift).

 

Parseberjocht Literêr Sirkwy

Update: Tim de Vries is ferhindere. Yn syn plak sil Bennie Huisman optrede.

Foar mear ynformaasje sjoch ek It Skriuwersboun.

Parseberjocht

Literêr Sirkwy 29 jannewaris

It Skriuwersboun organisearret op 29 jannewaris it Literêr Sirkwy. Diskear sil it plakfine yn de Groate Kerk yn St. Jabik. De dichter Abe de Vries, dy’t in soad publikaasjes op syn namme hat, is tige warber as blogger is op ynternet. Elske Kampen hat al in soad prizen foar har poëzij wûn en har debút, Fan glês it brekken, hat in bulte positive reaksjes rispe. Dizze middei ferwachtsje wy in soad fan har.
Ernst Langhout hat as muzikant in lange steat fan tsjinst en hat faker as ienris mei dichters en fertellers optreden. Bennie Huisman fertsjinne as sjonger en ferhalenferteller syn spoaren mei in breed repertoire.
De middei begjint om 15:00 oere en de yntree is € 4,00.
Adres: Oosteinde 1, 9079 KZ Sint Jabik.

 

Literêr Sirkwy 29 jannewaris

Het Skriuwersboun organiseert op 29 januari het Literêr Sirkwy. Deze keer zal het plaatsvinden in de Groate Kerk te St. Jacobiparochie. De dichter Abe de Vries, die vele publicaties op zijn naam heeft staan, is een ijverige blogger op het internet.
Elske Kampen heeft al veel prijzen voor haar poëzie in de wacht gesleept en haar debuut, Fan glês it brekken, heeft bijzonder veel positieve reacties geoogst. Wij verwachten deze middag dan ook veel van haar.
Ernst Langhout heeft een lange staat van dienst en trad vaker dan eens met dichters en vertellers op. Bennie Huisman verdiende als zanger en verhalenverteller zijn sporen met een breed repertoire.
De middag begint om 15:00 uur en de entree is € 4,00.
Adres: Oosteinde 1, 9079 KZ Sint Jacobiparochie.

 

 

 

 

 

 

Fragen? Mail nei boek@audiofrysk.nl.