| Ien foar de wraak - Joop Boomsma |
![]() |
||
Harkje nei ien fragmint. |
Keapje dit boek: |
Online €11 | |
Ien foar de wraak De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin. De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe. 'Ien foar de wraak' - de earste misdiedroman fan Joop Boomsma - is in like minsklik as spannend ferhaal. Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal en wurdt beskreaun mei in skerp each foar de psychologyske aspekten. |
![]() |
||
| Yn de Maand van het spannende boek fergees del te laden bij Luisterrijk! 1 juny - 1 july 2011 | |||
Foarlêzen troch Sjoerd van Beem
|
ISBN 978-94-6038-049-5 |
||
Ynformaasje oer Joop Boomsma by Tresoar. |
|||