Untitled Document
Home
Berneboeken
Bestelle

Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Liet foar myn jonge - Riek Landman
Downloade by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

Keapje dit boek:
Online € 12

4 cd's € 15

Nei de súksesfolle trilogy De tiid fan Jentsje, De striid fan Marte en De leafdes fan Janne, en it boekewikegeskink Fammen fan Gaasterlân is dit de nije grutte roman fan Riek Landman.

 

Friezen yn Normandië, roman. Ynlêzen troch Hinke Wolthuizen.

Flaptekst
De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere doarp yn Fryslân spilet ek hieltyd mear op.
Dizze sfearfolle roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst en dreamen en fan mooglikheden ta treast.

Ynlêzen troch Hinke Wolthuizen, út Mantgum, in bekende stim fan û.o. OF-drama en -radioharkspullen.

It boek is yn 2007 útkommen by de FP Boekerij.

Bestelnûmer AF-F7

ISBN 978-94-6038-007-5

Ynformaasje oer Riek Landman by Tresoar.

Sjoch foar Riek Landman ek har side by de Friese Pers Boekerij.

 

Home