| Sûnder garânsje Froukje Annema |
![]() |
||
Harkje nei ien fragmint. |
Keapje dit boek: |
Online € 13 | |
In sitaat ... Kwea-aardich. In kwea-aardige tumor. Wat hold dat yn? Wat hie sa'n ding mei har lichem? Hoefier siet it fierder al troch har lichem? En wat woene se mei har lymfeklieren? Wêr sieten dy dingen eins? Dat se dat net iens wist. 'Se wiene mis, Hilda, finaal mis,' dat sei Freark. 'Dyn kânsen binne goed,' dat sei er ek. Hoe goed? Wat moast in minske mei kânsen as it om syn libben gong! In minske woe wissens, garânsje... In fragmint út dizze tredde roman fan Froukje Annema, 'Sûnder garânsje'. It is it ferhaal fan de frou dy't samar fan in sûn minske in kankerpasjinte wurdt. Op yngeande wize is yn dizze roman beskreaun wat oer de haadpersoan Hilda en har neisten hinne komt en wat it betsjut fierder libje te moatten 'sûnder garânsje'. |
![]() |
||
Dit boek is ek beskikber fia de site fan Sirkwy. Jo kinne dêr de hiele tekst lêze, wylst it dêr ek as POD-útjefte besteld wurde kin by Elikser. |
|||
Foarlêzen troch Grytsje Reitsma-Snoek.
|
ISBN 978-94-6038-033-4 |
||
Ynformaasje oer Froukje Annema by Tresoar. |
|||