Untitled Document
Home
Berneboeken
Bestelle

Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Traveliers - Fûgelfrij yn de Canyon - Jan Schotanus As download foar € 9 by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei ien fragmint.

Download €9

2 cd's € 11

Yn de rige De Traveliers is al wer it fjirde diel ferskynd. Yn Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus reizget de famylje Traveliers nei Amearika ta,want heit Marten moat yn Arizona fergaderje, net fier fan de Grand Canyon ôf. In pracht kâns foar Hidde en Jelle.

Flaptekst:

Fûgelfrij yn de Canyon:
Der klinkt in lûde knal.
'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!'
'Nee, stil!'
In doar slacht ticht.
Hidde en Jelle meitsja har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer.
'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?'
Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp.

De searje De Traveliers:
Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Anny de Jong en Auck Peanstra.

It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra,
Yslik aktyf- Anny de Jong,
en In flitsend hûntsje - Anny de Jong,
binne al ferskynd by de afûk en as harkboek by Audiorfysk.
It fyfde diel Kantsjeboard op Kurasao is op kommendewei.

Sjoch de resinsje fan Jant van der Weg yn it FD en dy fan Maria Delgrosso yn de LC by Yn de media.

Fūgels of helikopters yn de Canyon.

Op 9 juny 2010 is de searje De Traveliers bekroand mei de Bongelboekepriis 2010 fan de NHL te Ljouwert.

Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B12

ISBN 978-94-6038-052-5

Ynformaasje oer Jan Schotanus by Tresoar.

 

Audiofrysk Home