Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

  De Traveliers - It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra

Down te loaden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

  Harkje nei ien fragmint.

Download € 5,50

2 cd's € 11

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 
 

De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.

Flaptekst:

It goud fan de Aboriginals
Nei't se in skoftke rûn hawwe, seit Hidde: 'Wêr binne dy tekeningen no? Wy binne dochs echt fan dizze kant kommen.'
'Ja,' seit Fardau, 'wy hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?' De panyk slacht ta.
'Wy sitte midden yn de woastyn. Wy ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!'
Út it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals, sjogge se daalk oan de gesichten. De mannen drage spearen as wapens...

Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Anny de Jong en Jan Schotanus.

Yslik Aktyf - Anny de Jong,
In flitsend hûntsje - Anny de Jong,
Fûgelfrij yn de canyon - Jan Schotanus en
Kantsjeboard op Kurasao - Auck Peanstra,
binne allegear leverber. As papieren boek en ek as harkboek by Audiofrysk.

 

In spannend aventoer yn de Outback fan Austraalje
Op 9 juny 2010 is de searje De Traveliers bekroand mei de Bongelboekepriis 2010 fan de NHL te Ljouwert.
  De Traveliers ha in eigen website.
  Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B7

ISBN 978-94-6038-027-3

 

Ynformaasje oer Auck Peanstra by Tresoar.

 

Audiofrysk Home