| De Traveliers - Kantsje board op Kurasao Auck Peanstra | ![]() |
|
| Harkje nei
ien fragmint. |
||
De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Flaptekst: Mei in stampende pineholle wurdt Hidde wekker. Syn mûle fielt droech oan en hy hat
slim toarst. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Anny de Jong en Jan Schotanus. Yslik Aktyf - Anny de Jong, It sechsde diel dat yn Finlân spilet, is op kommendewei. |
![]() |
|
| Yn febrewaris en maart biedt Audiofrysk de fiif audioboeken fan de Traveliers as searje te keap oan foar 50 euro, ynklusyf ferstjoerkosten! Stjoer in mail mei de namme en adres fan de skoalle (besoarchadres!) en jo krije se op skoalle besoarge. |
ISBN 978-94-6038-000-6 |
|
Ynformaasje oer Auck Peanstra by Tresoar.
|
||