Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Traveliers - SPOAREN! Anny de Jong

Down te loaden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei ien fragmint.

Download € 6

3 cd's € 12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Spoaren! spilet yn Finlân (en hiel even yn Ruslân).

Flaptekst:

'Jim hawwe by it fleantúch west.'
Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.'
De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…'

Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Auck Peanstra en Jan Schotanus.

It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra,
In flitsend hûntsje - Anny de Jong,
Yslik Aktyf - Anny de jong
Fûgelfrij yn de Canyon - Jan Schotanus en
Kantsjeboard op Kurasao - Auck Peanstra,
binne ek ferskynd by de afûk en as harkboek by Audiorfysk.

In spannend aventoer yn Finlān yn de snie

Lês de resinsje fan Sigrid Kingma yn it Frysk Deiblêd.
en Maria DelGrosso yn de LC.

De Traveliers ha in eigen website.
Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B14

ISBN 978-94-6038-073-0

Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.

 

Audiofrysk Home