Untitled Document
Home
Berneboeken
Bestelle

Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Traveliers - Yslik Aktyf Anny de Jong As download foar € 8 by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei ien fragmint.

Download € 8

2 cd's € 11

De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Yslik Aktyf spilet op Yslân.

Flaptekst:

Yslik aktyf
'Allegearre út de gongen,' brult er yn de ynterkom. Dan begjint er te sprinten.
As George de beide tassen te pakken hat, fljocht er by de smelle treppens op mei yn elke hân in tas. It horloazje oan syn linkerpols tikket de lêste sekonden fuort. Hy rêdt it net. Mei de longen op knappen draaft er oer it dek. Mei in swaai goait er beide rêchsekken oer de reling. Se bliuwe in skoftke driuwen. Dan ferdwine se yn it wetter. It duorret noch alve sekonden as mei in knal it wetter omheech spuitet.

Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Auck Peanstra en Jan Schotanus.

It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra,
In flitsend hûntsje - Anny de Jong,
binne al ferskynd by de afûk en as harkboek by Audiorfysk.
It fjirde diel Fûgelfrij yn de Canyon is op kommendewei.

In spannend aventoer yn de Outback fan Austraalje
Op 9 juny is de searje De Traveliers bekroand mei de Bongelboekepriis 2010 fan de NHL te Ljouwert.
Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B8

ISBN 978-94-6038-035-8

Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.

 

Audiofrysk Home