Untitled Document
Home
Berneboeken
Bestelle

Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

Nijsbrief

13 jannewaris 2012

Audiofrysk Nijsbrief

Kantsjeboard

Klear foar de Bernesjuery

 

It harkboek De Traveliers - Kantsjeboard op Kurasao fan Auck Peanstra is klear, moai op 'e tiid om mei te dwaan foar de Berneboekesjuery 2012.

Berneboekesjuery

Om it jier kinne learlingen fan de basisskoallen meidwaan oan de Fryske Berneboekesjuery. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjelde fertsjinnet.
Fan febrewaris oant en mei april 2012 kinne bern wer lêze foar de Fryske Berneboekesjuery.
Diskear wurde de groepen 7 en 8 frege om te oardieljen oer de fiif boeken dy’t útkaam binne yn de Traveliersrige:

- Auck Peanstra - It goud fan de Aboriginals
- Anny de Jong - Yslik aktyf
- Anny de Jong - In flitsend hûntsje
- Jan Schotanus - Fûgelfrij yn de Canyon
- Auck Peanstra - Kantsjeboard op Kurasao (komt út yn jannewaris 2012)

Fan alle fiif dielen is ek it harkboek beskikber!


 

Detektiveferhalen

Detektiveferhalen

 

Nasjonale Foarlêsdagen, gratis audioboek

Audiofrysk stelt fergees in audioboek beskikber yn de perioade fan de Nasjonale Foarlêsdagen.
Fan 18 oant 28 jannewaris kin eltsenien it harkboek Gefaarlik spul foar Mentha Minnema dellade. Yn dit spannende berneboek steane seis detektiveferhalen, dy't yndertiid skreaun binne nei't bern in idee oanlevere hiene. Foar mear ynformaasje sjoch by Gefaarlik Spul.

Dêr kinne jo trochklikke om it binnen te heljen. In soad nocht mei Mentha Minnema! De aksje jildt allinne fan 18 oant 28 jannewaris.
Foar mear ynformaasje sjoch ek It Frysk Berneboek en de Nationale Voorleesdagen.

Detektiveferhalen

Detektiveferhalen

 


Harkboeken op de smartphone

Wy ûndersykje op dit momint oft ek Fryske audioboeken as app te keap oanbean wurde kinne yn de ûnderskate applikaasjewinkels. No kinne jo in audioboek fansels ek gewoan yn de mp3-spiler fan de telefoan ôfharkje. Der binne ferskillende players om dat noflik dwaan te kinnen.
In goeie player op de Android is de Ambling bookplayer.

By de Apple kinne harkboeken fia Audiobooks as app belústere. Mar dêr moat dan wol de app Bookmark by om by te hâlden, wêr't je binne.
Likegoed, op sa'n manier kinne jo mei in dellaad fan Luisterrijk prima nei Fryske harkboeken hearre op jo aaiblokje.

 

 

 

Smartphone


Steden???It Sirkwy-seminar, de rige lêzings dy't ferline winter opstart is troch Audiofrysk, kriget in moai ferfolch yn de:

Literêre 4-Stêdetocht

Op 17 jannewaris (Tresoar 20.00 oere) begjint de Literêre 4-Stêdetocht. Dat is in net earder fertoand fenomeen, mei as doel de diskusje oer Fryske literatuer libjend te hâlden. As earste sprekker komt André Looijenga (winner fan de Jongereinblog 2011) op 'e tekst oer it skriuwen yn in lytse taal. Yn syn lêzing sil hy û.o. de Fryske situaasje fergelykje mei dy fan it Lúksemboarchsk en it Friûlysk.

Fjouwer sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in tal markante aspekten fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. De lêzings wurde hâlden yn de fjouwer grutste Fryske 'stêden': Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits, alle kearen op in tiidsdeitejûn yn in bibleteek. Elke lêzing stiet op himsels en de harkers hoege net de hiele 4-Stêdetocht te folbringen…

Audiofrysk makket wer opnamen en sil der nei alle gedachten in harkboek mei alle fjouwer lêzings fan útbringe.
It audioboek mei de lêzings fan de earste searje is te keap yn de boekhannel, by Luisterrijk as dellaad, of rjochtstreeks by Audiofrysk.

Sjoch hjir foar it hiele parseberjocht.


Literêr Sirkwy

Op snein 29 jannewaris is it folgjende barren fan it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun.
It belooft in prachtige middei te wurden yn de Groate Kerk yn St Jabik: om 3 oere trede de dichters Abe de Vries en Elske Kampen op. Muzikale bydragen wurde brocht troch de soan fan Abe de Vries, Tim fan 11 jier, dy't prachtich fioele spilet, en Ernst Langhout.
Sjoch hjir foar it hiele parseberjocht.

Under de titel Dy't in hûs fynt op 'e wyn binne de gedichten fan Abe de Vries ek te keap as audioboek.

Folsleine gedichten Abe de Vries


Notearje no al fêst:

Tongersdei 15 maart 15.30 oere oanbieding fan it harkboek Pseudo-Homearos, de Striid tusken Froasken en Mûzen, fan Klaas Bruinsma oan deputearre Johannes Kramer.


Mentha en it kattemystearje


Mentha Minnema en it klokkemystearje is noch altyd fergees beskikber, om de bern op 'e smaak te bringen.
Prolongearre!

 

Mentha en it klokkemystearje fergees
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011