Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Gefaarlik spul foar Mentha Minnema - Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong en Jan Schotanus

Down te loaden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

 

Bestelle

Harkje nei ien fragmint, Riemkje Hoogland lêst foar.

Download €4

3 cd's € 10

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde.


By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de feestklean foar út de kast helje, mar de saak wurdt oplost: In fan troch it lint.
Riemkje Hoogland-Pitstra komt mei: It geheim fan buorfrou Afke, oer it smokkeljen fan ferbeane bisten, dêr't de aardige buorfrou tsjin har sin by belutsen is. En it ferhaal Skat ûnder de flier, dêr't in âlde frou mear neilitten hat as dat se earst tochten. Allinne, wa kriget de erfenis?
Fan Jan Schotanus binne Broers op it dievepaad, oer it smokkeljen en yllegaal ferkeapjen fan telefoankaarten, en it ferhaal Broadsjes foar de boargemasters, dêr't de bakkerij njonken Mentha Minnema bedrige wurdt fanwege de bakkerslucht.


It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997.

Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwers.

Fermiste hûn
 

Bestelnûmer AF-B57

ISBN 978-94-6038-023-5

Ynformaasje oer Riemkje Hoogland-Pitstra by Tresoar.
Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.
Ynformaasje oer Jan Schotanus by Tresoar.

 

Audiofrysk Home