Mentha Minnema en it hynstemystearje - Anny de Jong | ||
Harkje nei ien fragmint.
| ||
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. > | ||
Marchje en Petra binne mâl mei hynders en as har eigen prachtige Bearn op mysterieuze wize stellen wurdt, sitte se mei de hannen yn it hier. Hjir is help nedich, help fan Mentha Minnema. Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige.
|
||
Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. |
ISBN 978-94-6038-013-6 |
|
Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.
|