Laatste nieuws - Lêste nijsSjoch by Nijsbrieven |
|||||
15 maart 2025 | Boekenweek by LuisterrijkDe krater Auteur: Gerwin van der Werf Spreker: C Het is Boekenweek! Luisterrijk is trots dat we dit jaar het Boekenweekgeschenk De krater van Gerwin van der Werf als luisterboek mochten produceren. Het wordt tijdens de actieperiode (t/m 23 maart) automatisch aan je winkelwagen toegevoegd bij je eerste bestelling van minimaal € 15. Ek foar Fryske harkboeken! |
||||
19 jan 2025 | Grutte feroaring Grutte feroaring foar Audiofrysk en DAT tekstbureau Op 6 jannewaris 2025 is myn leave frou Marja rêstich ferstoarn. It betsjut dat ik allinne troch moat mei de saken en dus sil der wolris wat oars as oars gean. Mar foarearst is it de bedoeling wol wer nije harkboeken út te bringen en de foarried by de tiid te hâlden. Trije nije harkboeken by Audiofrysk
Fan Meindert Bylsma is wer in fermaaklike detektive oer de beide Blomkes, resjersjeurs Lieuwe Bekkema en Lukas Roosjen ferskynd. It wurdt foarlêzen troch Jan Schotanus. En dan binne der wer twa berneboeken útbrocht: Fan I.E. Bloem it harkboek de Freon, oer in illegaal feest yn coronatiid, dêr′t lykwols mear oan de hân is. Sjoerd van Beem lêst it foar. En in nije stim by Audiofrysk: Froukje Sijtsma hat De rôf fan de Fryske mummy earst oan har dochter foarlêzen en no itselde dien foar de mikrofoan fan Audiofrysk.
|
||||
9 jan 2025 | ![]() |
||||
26 septimber | Harkboek foar heal jild Yn de moanne oktober binne acht fan ús lústerboeken mei 50% koarting te keap as download fia de diverse kanalen.
|
||||
28 augustus | Gysbert Japicx-winner by Audiofrysk Geartsje de Vries hat de mânske roman Spegel en sonde fan Jetske Bilker opnommen. Jetske Bilker - Spegel en sonde As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan keunstner wer op te krijen. Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Meindert Bylsma - Moard yn ’e hite hei
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan ’e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op ’e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op ’e rin. Resersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro ‘de Blomkes’ neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa’t dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like.
|
||||
7 juny |
Op 22 juny wurdt yn it Polderhûs op 'e Feanhoop Nij by Audiofrysk: Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichteby kennen. Fiskje en jeie wiene syn lust en syn libben. De fjildferhalen binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild. |
||||
15 maart | Nij harkboek |
||||
Famyljeboeken fan Audiofrysk foar de boekewike: Yn de boekewike binne dizze titels foar heal jild te keap by Luisterrijk.
|
|||||
26 jan 2024 | Poezieweek 2024 25 jan - 31jan 2024 Tema is dit kear thús. In hiel bysûnder gedicht oer hoe't it thús gean kin, is De Raven fan Edgar Allen Poe. Audiofrysk hat dêr in harkboek fan makke Goffe Jensma hat it bysûnder sfearfol ynlêzen. Oare poëzij by Audiofrysk: Dy't in hûs fynt op 'e wyn, fan Abe de Vries. |
||||
14 nov 2023 | Twa nije harkboeken
|
||||
13 nov 2023 | Hylke Speerstra yn de oanbieding
|
||||
12 juy 2023 | Schrijver Hylke Speerstra krijgt de Fryske Anjer van 2023. Dat heeft het Prins Bernard Cultuurfonds Fryslân bekendgemaakt. De Fryske Anjer wordt alle jaren toegekend aan een persoon of een organisatie die hem verdienstelijk heeft gemaakt voor de Friese cultuur of natuur. "Speerstra is zonder twijfel een van de grootste literaire talenten ooit van onze provincie. Een verhalenverteller pur sang met een sterke journalistieke inslag", zegt Arno Brok, commissaris van de Koning en voorzitter van het Cultuurfonds Arno Brok.
"Speerstra zijn werk wordt gekarakteriseerd door beeldend en rijk taalgebruik. Als geen ander weet hij op grond van eigen research en interviews historie tot leven te brengen voor een groot publiek." Brok neemt de schrijver verder "een markante persoonlijkheid, een icoon van Fryslân". Foar Audiofrysk hat Speerstra ûnderskate harkboeken ynlêzen. De kâlde krústocht is ien fan de bekendste. |
||||
30 juny 2023 | Wat in sukses: Audiofrysk beleane de bern freedtejûn mei in ferrassing: Se krigen allegearre in eksimplaar fan it harkboek Pippi! kado. |
||||
23 juny 2023 | Nei in formidabele premjêre op tongersdeitejûn steane de kranten en media hjoed bol fan de geweldige resinsjes. Audiofrysk is grutsk oan dizze produksje fan it Berneiepenloftspsul in stientsje by te dragen. Resinsje LC 23 juny 2023
|
||||
20 juny 2023 | Pippi giet hast yn premjêre Foar inkelde foarstellingen binne noch kaarten beskikber. Sjoch op Berneiepenloftspul. |
||||
25 jan 2023 | De nije berneboeke-ambassadeur Op De Harkema wiene wy te gast op de iepenbiere skoalle It Holdersnêst en it wie in waarm bad. Lida Dykstra naam ôfskie as ambassadeur foar de Fryske berneboeken. Se presintearre daliks ek har nijste boek: De letterfretter. Doe mocht de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisa Hiemstra, de amtsketting omhingje by Tialda Hoogeveen, dy't no berneboeke-ambassadeur is. Hjirby trije foto's fan de ynspirearjende middei. |
||||
Alder nijs |