Eerder nieuws - Earder nijs |
||
10 okt | Unike presintaasje Protters 2-boeken Wêr fine jo safolle berneboekeskriuwers byinoar? As je al har boeken by inoar optelle, komme je fier oer de hûndert... Freedtemiddei 9 oktober waard op SWS Twaspan yn Deinum de twadde rige Protterboeken oanbean. En alle fiif skriuwers, Anny de Jong, Jelle Bangma, Lida Dykstra, Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus wiene derby. Nei in koarte yntroduksje fan harren oeuvre wie it de beurt oan de bern om ynterviews ôf te nimmen. Wêr hellesto dyn ynspiraasje wei? En: Hoe lang dochst oer it skriuwen fan in boek, mar ek fragen as: Hoe hat it skriuwen dyn libben feroare? En: Wa is dyn grutte foarbyld, of: Mei wa soesto nochris in boek skriuwe wolle, as dat koe? It joech genôch stof ta praten. Dêrnei koene de bern noch sjen, hoe't de protterboeken op in tablet of e-reader lêzen wurde kinne. (Alle skoallen, dy't opjouwe dat se de boeken meijûn hawwe, krije de rige e-boeken fergees!) As tredde binne de protterboeken as harkboek (lústerboek) te krijen. It foel noch net iens ta om de stimmen fan de foarlêzende skriuwers te werkennen. |
|
6 okt | Presintaasje twadde searje Protterboeken
Plak: SWS Twaspan, Spoorstrjitte 7, Deinum Freedtemiddei 9 oktober wurde op de skoalle Twaspan yn Deinum fjouwer populêre berneboeken oanbean oan groep 7 en 8. Âldere, populêre boeken wurde yn in nij jaske stutsen en soms in bytsje bewurke. De basis wurdt foarme troch de Mentha Minnemasearje, de iennichste detektiverige dy't de Fryske berneliteratuer ryk is. Ek no noch kinne bern har der hielendal yn ferlieze. Doel fan de Protter-rige is om safolle mooglik âlders en bern yn de gelegenheid te stellen om dizze boeken te keapjen. Om't it projekt de stipe hat fan it Feitsma Fûûns fwar it Frysk, it FLMD-fûns en de provinsje Fryslân, kinne wy de boeken hiel foardielich oanbiede. Dit jier giet it om: Multy-ynsetber De rige is multymediaal, want de boeken binne ek as audio- en as e-boek te krijen. It projekt Protters is in gearwurkingsferbân fan de útjouwerijen Audiofrysk en Elikser, yn de mande mei it Taalsintrum Frysk fan it Cedin. Mear ynformaasje: Audiofrysk, Jan Schotanus, jan@dattekstbureau.nl, 058-2501465. |
|
1 sept 2015 | Twa berneboeken tafoege oan de list: Fan Lida Dykstra De skat fan jonker Jan en fan Jelle Bangma Keatse foar de krânse. Dizze twa harkboeken binne no útkommen omdat se yn de rige Protters fan 2015 ferskine yn herdruk. |
|
28 maaie | De 'wurgdoek' fan Kuneara tentoansteld De âlde doek, dêr't Kuneara/Cunera mei om it libben brocht wêze soe, wurdt fan 12 juny ôf tentoansteld yn Museum Catharijneconvent yn Utert. |
|
maaie | De Protters fleane troch Der wurdt drok wurke oan de twadde rige Protter-boeken. Wy hâlde jo op de hichte. |
|
4 maaie | Audioferzje fan lêzingen online It harkboek fan it fyfde Sirkwysympoasium is no te keap. Jonge Friezen mei kulturele ambysje Cd 2 1-4 Durk Gorter - Lytse talen as mienskipstaal
|
|
26 maart | 5de Sirkwy Sympoasium - 28 maart 2015 (Foar eardere edysjes sjoch 2011, 2012, 2013 en 2014) Fryslân en de wrâld 2.0 It biedwurd 'Fryslân en de Wrâld' is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy't de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinaavje en net op Hollân - en mear. Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip op om har idealen stal te jaan. De bloeitiid fan de Mienskip as organisearre klub duorre net sa lang, mar it losmakke élan late ta wat algemien de 'Jongfryske beweging' neamd wurdt. Yn it Sirkwy Sympoasium komme nijsgjirrige aspekten fan de Fryske literatuer en kultuer oan de oarder. Yn 2015 kin it net oars of wy sjogge tebek op '1915' , op wat Kalma losmakke, en ek nei wat de doetiidske ambysjes no foar ús betsjutte, ek mei it each op Kulturele Haadstêd 2018. |
|
14 maart |
In moaie bondel foar de boekewike: Jan van der Leij - De tiid stie even stil.
|
|
De treastfûgel - Hylke Speerstra Keapje dit audioboek yn de Boekenweek 2015 (7 - 15 maart). By oankeap foar minstens 12,50 oan harkboeken is it Boekenweekgeschenk fan Dimitri Verhulst der fergees by.
|
||
7 maart | Boekewike - Boekenweek 2015 Ek by Fryske audioboeken krije jo it Boekeweekgeschenk kado. Yn de boekhannel, mar ek by Luisterrijk. Dy jout by 12,50 oan harkboeken it Boekenweekgeschenk De zomer hou je ook niet tegen, skreaun en foarlêzen troch Dimitri Verhulst, der fergees op ta. Nim bygelyks |
|
15 feb | Luisterrijk introduceert verbeterde luisterboeken download/afspeel app voor iOS Vandaag is de nieuwe Luisterrijk app in de iOS appstore verschenen. Deze nieuwe versie heeft tal van leuk nieuwe snufjes, zoals een sleeptimer, varispeed en verbeterde ondersteuning voor verschillende (koptelefoon)afstandsbedieningen en een verbeterd afspeelscherm. Achter de schermen is veel aandacht besteed aan het nog betrouwbaarder downloaden in situaties waar de internetverbdining slecht is, zoals in hotels, onderweg en in het buitenland. Een onverwacht afgebroken download wordt nu betrouwbaar hervat zonder dat je iets van het luisterboek hoeft te missen. Verder is de app goed voorbereid op de toekomst, volledig 64 bits- en Retina2/3-compatible. Natuurlijk kan je nog steeds beginnen met luisteren voordat het downloaden klaar is. Meestal al na een paar seconden. |
|
15 jan | Nasjonale Foarlêsdagen - Nationale Voorleesdagen 2015 (21 - 31 jannewaris) Hjirby it parseberjocht: Yn de Nationale Voorleesdagen 2015 fan stelt Audiofrysk wer in kwartet berneboeken fergees beskikber as harkboek. Kom ek yn de kunde mei it fenomeen harkboek en lit jo (bern) foarlêze. De audioboeken binne prima ôf te harkjen op in iPad of oare tablet, op in mp3-spiler, iPod of mobile telefoan. Gjin gedoch mei DRM, der sit in digitale hantekening yn om yllegale fersprieding tsjin te gean, mar it ôfspyljen sa maklik mooglik te meitsjen.
|
|
2 jan 2015 | Studio Súdwest Studio Súdwest stjoert de sneinen fan dit fearnsjier de roman Feroaring fan Lucht fan Rink van der Velde út. |
|
1 jan 2015 | Lok en seine foar 2015 |
|
8 nov | SNEIN 9 novimber: TYSKERBLUES Foar it fjirde jier Tyskerblues yn Easterwierrum, diskear mei Kubus and The Kingpins. Kees Volkers, sang en gitaar Audiofrysk is ien fan de sponsors fan dit barren. Sjoch ek de flyer en de achterkant. |
|
17 okt | Protters nei de beurs Op de beurs Gezin yn it WTC krije de Protters in plakje yn de stand fan CEDIN. (Stand nr 5255) Kom nei de beurs, besjoch de boeken en bestel se. Alle boeken yn de Protterrige binne ek as e-boek en as harkboek te keap. |
|
septimber | Skoallen jouwe de folder fan de Protters mei oan de learlingen fan groep 7 en 8. Foar mear ynformaasje sjoch de site fan de Protters. |
|
2 july | Ideaal foar op de achterbank Helje in harkboek yn 'e hûs en nim it mei yn de auto. Jo ha gjin bern mear oan de bern.
|
|
19 juny | Harkboek Sympoasium klear It harkboek fan it sympoasium Âlde Meuk? oer de Klassikers yn de (Fryske) literatuer is klear. De trije lêzingen passe op twa cd's, it is in nijsgjirrich gehiel wurden. It is it fjirde sympoasium yn de rige dy't yn 2010 opstarten is op inisjatyf fan Audiofrysk. Cd 1 Friduwih Riemersma - Tiids tosk vs ikonoklasme Cd 2 Eric Hoekstra - Ranking the Classics Foar mear ynformaasje en foto's sjoch hjirûnder. |
|
5 juny | De Moanne fan it Spannende Boek Folop karút yn spannende boeken by Audiofrysk De klassiker fan Joop Boomsma: Ien foar de wraak of fan Sietse de Vries de roman Kûgels foar kant. Foar bern is der de rige Mentha Minnema's, of Nacht op it eilân, dat op Skylge spilet.
|
|
16 maaie | Lêste Horrortour-jûn foarearst Sneon 17 maaie is yn Kiehool yn Burgum de fyfde Horrortourjûn. Gryp dy kâns om in hiele rist Fryske ferhalefertellers/skriuwers te hearren en te sjen. Ek de muzyk fan Ljoubjr draacht by oan in foar Fryslân unyk konsept. |
|
15 maaie | It wrak fan de Santa Maria De lokaasje fan it skip fan Kolumbus liket bekend te wêzen. Fan de trije skippen, dy't ûnder syn lieding útfearen om in koarter paad nei Ynje te finen, is ien net weromkommen. De Santa Maria fergie yn 1492, mar wêr't it dan op de seeboaiem lei, dat wie ieuwen lang in grut riedsel. No wol it tafal, dat krekt yn 2003, doe't ik mei De ûnmooglike reis fan de Santa Maria oan de gong wie, de earste spoaren boppe wetter kamen. Dat blykt achterôf sa te wêzen, mar doe woene argeologen it eins net leauwe. Dizze wike kaam it berjocht fan de argeolooch Barry Clifford, dat it wrak yn de see by Haïti wol deeglik dat fan it memmeskip fan Kolumbus wie. It harkboek fertelt it ferhaal fan de reis, sjoen troch de eagen fan in skipsjonge mei syn tamme rôt. Sjoch hjir it artikel út de Ljouwerter Krante fan 14 maaie 2014. |
|
14 april | Moai sympoasium yn de Skierstins Trije hiel ferskillende lêzings oer de Klassikers yn de Fryske literatuer ûnder de titel Alde meuk? Harkje al fêst hoe´t Eric Hoekstra De Fûke fan Rink van der Velde oanpriizget. Sjoch ek it ferslach op Sirkwy . |
|
Foto's fan Feanwâlden (makke troch Anne Tjerk Popkema)
|
||
4 april | Regaad Horrortoer yn Easterwierrum (foto's Saskia van den Berg)
|
|
31 maart | Regaad Horrortoer
In tsjustere stege mei de wiidse namme Tuinstraat, dwers op de grêft yn Grins; ik fyts him mar yn, it leven en de mannichte fytsen foaroan foarby. Yn de fierte wankt in buordsje mei swarte letters Bernlef. |
|
27 maart | Ynternasjonale dei fan it berneboek Woansdei 2 april op de bertedei fan Hans Christiaan Andersen, wurdt rûnom op de wrâld de Ynternasjonale dei fan it berneboek fierd. Ta gelegenheid dêrfan hat de Ierske seksje fan IBBY, de International Board on Books for Young people in brief oan de bern skriuwe litten. |
|
Brief aan de kinderen van de wereld Lezers vragen vaak aan schrijvers hoe ze hun verhalen verzinnen: waar komen die ideeën vandaan? Uit mijn fantasie, antwoordt de schrijver. Ja, maar waar zit je fantasie, en waar is die van gemaakt, en heeft iedereen dat? vraagt de lezer dan. Natuurlijk heeft iedereen fantasie: anders zouden we ook geen dromen hebben. Maar niet iedereen heeft hetzelfde soort fantasie. Die van een kok bestaat vast vooral uit allerlei smaken, van een kunstenaar vooral uit kleuren en vormen. En de fantasie van een schrijver bestaat vooral uit veel woorden. En als je leest en naar verhalen luistert, weet je dat je eigen fantasie ook door woorden wordt gevoed. De fantasie van de schrijver werkt, kneedt en kleit net zo lang met ideeën, geluiden, stemmen en mensen tot er een verhaal is, en dat verhaal bestaat uit woorden, uit een heel leger kriebeltjes dat over de bladzijden marcheert. Dan komt er een lezer bij en de kriebeltjes gaan leven. Ze blijven op de bladzijde, ze zijn nog steeds een leger, maar ze spelen nu ook met de fantasie van de lezer, en nu kneedt en kleit de lezer de woorden en gaat het verhaal in zijn of haar hoofd wonen zoals het eerst in het hoofd van de schrijver woonde. Daarom is een lezer net zo belangrijk voor het verhaal als de schrijver. Een verhaal heeft maar één schrijver, maar wel honderd, of duizend, of misschien zelfs een miljoen lezers, die het verhaal in de eigen taal van de schrijver lezen of misschien zelfs in heel veel andere talen. Zonder de schrijver zou het verhaal nooit geboren zijn, maar zonder al die duizenden lezers over de hele wereld zou het verhaal niet al die levens krijgen die mogelijk zijn. Elke lezer van een verhaal deelt iets met alle andere lezers van het verhaal. Ieder voor zich, en toch ook allemaal samen, maken lezers er in hun fantasie een eigen verhaal van: een gebeurtenis die heel privé en toch ook openbaar is, heel persoonlijk en toch ook algemeen, heel intiem en toch ook internationaal. Daarin zijn mensen misschien wel op hun best. Blijf lezen! Siobhán Parkinson, schrijver, redacteur, vertaler en voormalig Laureate na nÓg (Kinderlaureaat van Ierland) |
||
7 maart | Start Boekenweek - Boekewike Gryp dizze woekewike oan om ris in harkboek te besykjen. Ik kin jimme Tommy Wierenga fan herte oanrikkemendearje. Op it heden harkje ik nei Caesarion, dat er sels foarlêst en dêr't syn leafde foar Rugby ek nei foaren komt. It tema is reizgjen. En by de Fryske lústerboeken is De Hobbit fansels it ultime reisboek. Hielendal te hearren, prachtich foarlêzen troch Anne Tjerk Popkema! |
|
3 feb | Aksje De aksje yn de Nasjonale Foarlêsdagen (Nationale Voorleesdagen 2014) wie in sukses. Mear as 200 berneboeken binne delladen fia Luisterrijk. |
|
21 jan | Nationale Voorleesdagen 2014 Yn de Nationale Voorleesdagen 2014 stelt Audiofrysk twa jeugdsearjes fergees beskikber as harkboek. Alle bern dy't Frysk ferstean, kinne sa gratis yn de kunde komme mei de spannende aventoeren fan Mentha Minnema en de bern, dy't har dêrby helpe. Ek de seis boeken fan De Traveliers, in moderne searje dy't yn Austraalje, Iislân, Amearika, Finlân, Skotlân of de Karaïben spilet. |
|
3 jan 2014 | Kompleten fan Marga Claus It nije boek Kompleten fan Marga Claus is yn jannewaris Boek fan de Moanne yn de boekwinkels. Harkje nei de skriuwster yn Bollman & Bollman. Marga Claus hat dizze roman oer in transgender sels ynsprutsen. Op cd kostet it 18 euro, online as download 9. |
|
1 jan 2014 | Online ferkeap Oantal ferkochte eksimplaren omtrint ferdûbele yn 2013. Audiofrysk winsket eltsenien in klinkend 2014! |
|
Alder nijs | 2007 2007/8 2008/9 2009 2010/11 2012 2013 |