Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 

Laatste nieuws - Lêste nijs

Sjoch by Nijsbrieven

1 sept 2018

Sweltsje rige Boek fan de moanne

Yn septimber en oktober binne de seis dieltsjes fan de Sweltsjerige Boek fan de Moanne.
Se binne no te keap foar 7,50 it stik. Freegje dernei yn de boekhannel of bestel se by Audiofrysk.

Boek fan de moanne

10 maaie 2018

Wike fan it harkboek

De week van het luisterboek is begûn. Oant en mei 19 maaie binne der alderhanne aktiviteiten by Luisterrijk en yn de boekhannels om it harkboek yn de spotlight te setten.

Der wurde hieltyd mear audioboeken lêzen (harke) en ek podcasts binne tige populêr.

Sjoch foar meer ynformaasje de site fan Luisterrijk.

10 maart 2108

Boekenweek - BoekewikeGriet op de Beeck Sa't it lân der hinne leit

Yn de boekewike fan 10 - 18 maart krije jo by oankeap fan in harkboek op cd by de boekhannels it boekewikegeskink kado.

Jo kinne kieze foar de Fryske of de Nederlânske ferzje fan Griet op de Beeck - Sa't it lân der hinne leit / Gezien de feiten.

By online-oankeapen fia Luisterrijk krije jo fergees it luisterdoc Wat leest u?
Dêryn ûndersiket Peter de Ruiter op meinimmende wize wat minsken sa troch inoar allegearre lêze.

19 des 17

Hylke Speerstra harkboeken, in ideaal kado

Trije titels by Audiofrysk:

Op redens oerDe Treastfûgel

De kâlde krústochtAlle trije prachtich ynlêzen troch de skriuwer sels.

29 sept 2017

Grut artikel oer de Sweltsje-rige yn de Leeuwarder Courant.

 

Aventoeren foar begjinners

24 juny

Sweltsjes yn Op&ÚtSweltsjes

Yn de boekerubryk fan it sneonsprogramma fan Omrop Fryslân prate Ernst Bruinsma en Douwe Heringa oer de Sweltsjes.

De toverangel fan Ate wurdt as foarbyld neamd.

Harkje nei it petear.

30 maaie

De skriuwers fan de Sweltsjerige byinoar by Audiofrysk

Skriuwers fna de Sweltsjerige

Fan lofts nei rjochts: Jurjen van der Meer, Anny de Jong, Lida Dykstra, Mindert Wijnstra, Jelle Bangma en Jan Schotanus. Hanneke de Jong ûnbrekt.

29 maaie

Friesch Dagblad resinsje

Sweltsjerige artikel Sigrid Kingma

Sigrid Kingma skreau in wiidweidich artikel oer de Sweltsjerige. Fan alle boeken jout se ek in resinsje. Lês it hiele artikel.

Nijsgjirrich is ek har blog fan in pear wike lyn.

8 maaie

Sweltsjeboeken, de ferkeap is fan start.

De bybs hawwe daliks ynkocht en goed ek! It betsjut dat alle Fryske bibleteken ien of mear sets fan de Sweltsjerige op de planken krije. Se binne op dit stuit by de biner om se ta te rieden op it útlienen en dan kinne se mar lêzen wurde.

 

20 april

SweltsjesSweltsjes, lêsboeken foar jonge bern

Audiofrysk jout foar it earst papieren boeken út.

6 oantreklike lêsboekjes foar bern fan groep 4 ôf.

Hurd kaft, folslein yn kleur yllustrearre, 32 siden.

Priis 9,95 it stik.

Mear ynformaasje.

13 feb

Hjoed is it Wrâld Radio Dei
Hjir yn Fryslân is in soad omtinken foar radio, omdat de earste reguliere radioútstjoering fersoarge waard troch in Fries: Hanso Schotanus a Steringa Idzerda
Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda , (Weidum, 26 septimber 1885 - Den Haach, 3 novimber 1944), wie in Haachske yngenieur en radio-pionier fan Frysk komôf.

Op 6 novimber 1919 fersoarge hy de earste radio-útstjoering yn Nederlân foar in algemien publyk. Hjirmei wie dizze teffens de earste omropútstjoering yn de wrâld fanwege de foaroankundiging en it geregeld útstjoeren. Hy stjoerde in saneamde radio soirée musicale út fanút syn wenning yn de Beukstraat yn Den Haach. De studio- en stjoerapparatuer wie makke troch syn eigen bedriuwke, de NRI (Nederlandse Radio Industry). De útstjoering begûn mei de mars Turf in je ransel.Wereld Radio Dag
En noch altyd hat de radio in ûnmisbere rol yn de kommunikaasje yn alderhanne gebiet.
Foar audioboeken is it fansels it optimale medium, al kinne dy as podcasts no ek selsstanniger ferspraat wurde.

28 jan

Nationale Voorleesdagen by Audiofrysk

Foarlêze kin it moaiste live, dat wit in bern.
Mar net altyd kin dat en dan is it foarlêzen troch in skriuwer dy’t fia de lûdsprekker ta je komt in hiele goede twadde. Dêrom jout Audiofrysk yn de Nationale Voorleesdagen/ Nasjonale Foarlêsdagen fjouwer berneboeken kado. Helje se del by Luisterrijk en jo betelje oant 5 febrewaris 0 euro. It giet om de folgjende titels:
Anny de Jong - It is foar de hearen             
Ep van Hijum - Muoike Klaptút en oare koarte ferhalen           
Jelle Bangma - Keatse foar de krânse                                     
Lida Dykstra - De skat fan jonker Jan      

  It is foar de hearen - Anny de Jong Muoike Klatút en oare ferhalen - Ep van Hijum Keatse foar de krânse - Jelle Bangma De skat fan jonker Jan - Lida Dykstra
Njonken dizze titels hawwe wy noch in hiele rist oare titels foar bern beskikber. Wat te tinken fan Firalen - Kathy ReichsKathy Reichs, Firalen bygelyks. Dat boek foar wat âldere bern (13+) wurdt prachtich foarlêzen troch Geartsje de Vries. As dellaad kostet it mar € 10,-, wolle jo it op mp3-cd hawwe, dan betelje jo € 12,-.

12 jan 2017

Masterwurken by Audiofrysk

Fan in mannichte Gysbert Japicx priiswinners hat Audiofrysk ien of mear harkboeken útbrocht:

Trinus Riemersma ( 1967 en 1995) De fûgel, De Reade Bwarre
Rink van der Velde (1975) De fûke, Feroaring fan lucht
Tiny Mulder (1986) Tin iis
Abe de Vries (2005) Dy't in hûs fynt op 'e wyn
Anne Feddema (2009) Skúnpútsersgúd
Durk van der Ploeg (2011) Under de seespegel
Koos Tiemersma (2015) De mjitte, Einum

18 okt

Buchmessetitels by Audiofrysk

Nederlân en Flaanderen binne dit jier earegast op de Frankfurter Buchmesse, dy’t fan 19 oant 23 oktober yn de Dútske hannelsstêd holden wurdt. Fryslân en it Frysk as twadde rykstaal krije ekstra omtinken mei eigen stand en 10 boeken dy’t yn it sintsje setten wurde.
Fjouwer fan dy boeken binne ek as harkboek te keap by Audiofrysk:
Einum - Froon Akker (Koos Tiemersma), Tin Iis - Tiny Mulder, De Treastfûgel - Hylke Speerstra en Salsafamke - Hanneke de Jong.
Lês ek it artikel út de Ljouwerter krante fan 18 okt.

Fryske stand op de Buchmesse

De Fryske stand yn Frankfurt.

Frankfurter Buchmesse
2 oktober

Week van de geschiedenis - Wike fan de skiednis

Miskien it moaiste skiednisboek by Audiofrysk is wol Tin Iis. Dizze roman fan Tiny Mulder oer in famke/jonge frou yn de oarloch jout in bysûndere sfeartekening fan it libben yn Fryslân yn de oarlochsjierren en de ynfloed fan de oarloch op de minsken. It harkboek is prachtich ynlêzen troch Geartsje de Vries.

Tin Iis
23 maaie-

Wike fan it harkboek - Week van het luisterboek

Keapje in Frysk harkboek by Luisterrijk en krij it Luisterboekgeschenk:Willy haalt alles uit de kast kado!

Willy Week van hte Luisterboek
25 maart

Einum is klear

Bestel no it harkboek fan de Gysbertwinnende roman Einum

Einum Koos Tiemersma
14 jannewaris

De opnames foar einum, ynlêzen troch Koos Tiemersma sels en troch syn frou Tineke Finnema, binne omtrint klear.

 

Lês jo alfêst yn op www.froonakker.nl.

 

 

2016

1 jan

Audiofrysk winsket jo in sûn en sinfol 2016

Op kommende wei:

Einum, fan Koos Tiemersma, winner fan de Gysbert Japicx priis 2015

 
Alder nijs

2007 2007/8 2008/9 2009 2010/11 2012 2013

2014/15