Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Earder nijs: 2009

14 oktober Earste eksimplaar De Kâlde Krústocht oanbean
Op in troch de Rotary Nijehove organisearre byienkomst yn Tresoar is woansdei it alderearste eksimplaar fan it audioboek fan De Kâlde Krústocht troch skriuwer en ynlêzer Hylke Speerstra oanbean oan Klasina Seinstra. Hy lies ek in ferkoarte ferzje fan in âlvestêdeferhaal foar.
De middei waard fierder ynfold mei in prachtich ferhaal fan Ira Judkovskaja en Siart Smit fan Tryater oer harren alvestêdetocht fan de ôfrûne winter. In fideo fan in part fan de foarstelling by Winaam brocht de alvestêde-kjeld wer eefkes hiel tichtby. Ek waard in trailer fan de nije film fan Steven de Jong, De hel van '63, fertoand.

Klik foar mear foto's fan Marc Jacobs

Hylke Speerstra en Klasina Seinstra, klik foar mear foto's

10 oktober 2009

Gouden Gurbe foar Tuskentiid!
Nei de yntocht mei de prachtige 'stoomboat' út Weidum foar De Harmonie yn Ljouwert, helle it Iepenloftspul Jorwert twa Gouden Gurbes binnen. Douwe de Bildt krige him foar de bêste byrol, it hiele ensemble wûn de Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling.
Lês it folsleine sjueryferslach op www.lc.nl/goudengurbe

Twa Gouden Gurbes foar Jorwerter Iepenloftspul Tuskentiid
2 oktober 2009

Audioboek It Heksershol nei Molkwar

Op tongersdei 1 oktober is yn Molkwar it earste eksimplaar fan it audioboek 'It Heksershol' oanbean oan Simon en Beitske de Jong, en oan Gosse Knop himsels.
'It Heksershol', in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma, is yn syn hiele hear en fear foarlêzen troch Wouter van der Wal. It komt út by harkboek útjouwerij Audiofrysk. It folksferhaal draait om de persoan fan Gosse Knop, in Molkwarder skipperssoan, dy't syn siel oan de duvel ferkeapet en nei in protte aventoeren en skelmstikken yn hiel Fryslân raar oan syn ein komt.

No't Gosse Knop weromkommen is yn Molkwar, as haadpersoan fan de teaterfoarstelling fan SULT, joech dit in prachtige kâns om him mei syn eigen ferhaal te konfrontearjen. Ek it echtpear De Jong, twa fan de âldste ynwenners fan Molkwar, dy't noch net sa lang lyn nei Koudum ferhuze binne, wie tige fergulde mei it harkboek. Ta beslút song Alie Ludema it prachtige liet 'Bliuw by my' út de foarstelling.

Klik foar mear foto's. Alie Ludema sjongt in liet út de foarstelling
28-09-09

Parseberjocht
Op tongersdei 1 oktober wurdt it earste eksimplaar fan it audioboek 'It Heksershol' oanbean oan Gosse Knop, de haadpersoan fan de teaterfoarstelling fan SULT.
'It Heksershol', in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma, is yn syn hiele hear en fear foarlêzen troch Wouter van der Wal.

 

Foarstelling yn Molkwar
09-09-09 Audiofrysk yn Muzyk yn bedriuw op Omrop Fryslân radio.
Harkje nochris nei it petear fan Arjen Overmaat mei Jan Schotanus by Yn de media.
Omrop Fryslân
4 en 5 septimber

Freed 4 septimber is yn Stiens de lêste sutelaksje fan stifting It Fryske Boek yn de wênstige foarm fan start gien.

Harkboeken fan Audiofrysk dogge foar it earst mei yn de kroade.Yn it boekeblêd NO stiet in aardich artikel oer de audioboeken yn it Frysk.
Ekstra reklame is makke mei in reklamespot op Omrop Fryslân Radio.

Janneke Spoelstra, Anny de Jong en Jan Schotanus
28 augustus

Prachtige premiêre iepenloftspul TUSKENTIID.

Lês de resinsjes: Fedde Dijkstra yn de LC en Rianne Kramer yn it FD.

Sjoch de trailer en de útstjoering op GPtv.

Wybo as Eddy
18 augustus

Ynterview op radio Middelsee oer De Traveliers

Op tiisdei 18 augustus wiene de trije auteurs fan de berneboekesearje De Traveliers te gast by Hette van der Wal foar Middelsee Actief op radio Middelsee yn Stiens.
Harkje nei de beide fragminten by Yn de Media.

Harkje nochris nei it petear op Radio Middelsee
15 augustus Audiofrysk kriget op 'en nij subsydzje
Ek foar it jier 2009-'10 hat de provinsje Fryslân subsydzje tasein foar de aktiviteiten fan Audiofrysk. Dit jier is dy njonken it produsearjen fan nije harkboeken ek rjochte op promoasje fan it harkboek yn it Frysk en it ferbreedzjen fan it draachflak foar dit medium. Sa is yn de betingsten de gearwurking mei û.o. Edufrysk en de bibleteken neamd.
 
4 july

Koarting by Luisterrijk

Om it 3-jierrich bestean te fieren jout www.luisterrijk.nl oant 12 july 13 % koarting op de priis fan online harkboeken. Dy 13% is it ferskil yn btw tusken harkboeken (19) en papieren boeken (6).

Luisterrijk 3 jier
19 juny

Freed - Ljouwerter Krante

Yn de Freedbylage stiet in aardich artikel fan Sietse de Vries oer it útjaan fan harkboeken troch Audiofrysk.

Op kantoar
16 juny Harkboekekwis
Op Audiofrysk wurdt yn de 'Week van het Luisterboek' in audiokwis presintearre.
Ried út hokker boek it fragmint komt en meitsje kâns op ien fan de audioboeken (maks. 5 cd's) út it fûns.
Woansdei 17 juny stiet it earste fragmint op de site.
 
4 juny

Presintaasje fan Skúnpútsersgúd fan Anne Feddema by it HCL yn Ljouwert.

It boek, dat troch Bornmeer útjûn wurdt, befettet 40 ferhaaltsjes yn it Leewarders. Op de beide cd's fan it harkboek dat troch Audiofrysk makke is, wurde 20 foarlêzen troch de skriuwer.

20 prachtige ferhalen fan Anne Feddema
24 maaie

Yninoar sette fan 511 harkboeken

Foar de aksje fan Fryske Akademy, AFUK en Audiofrysk om alle skoallen in presintsje te jaan, moasten mear as 500 harkboeken fan De Traveliers - It goud fan de Aboriginals produsearre wurde. De skriuwers makken der in gesellige snein fan by DAT tekstbureau achter hûs.

Ynpakke fan De Traveliers, it harkboek fan it earste diel fan de searje, It goud fan de Aboriginals.
16 maaie

Moaie presintaasje fan boek en harkboek en kaart yn de greiden by Duveldrek tusken Achlum en Hitsum.
Klik op de foto foar mear ôfbyldings.

De boargemaster rûkt oan it boek. Sit der ek in dreklucht oan???
8 maaie

Audiofrysk makket harkboekferzje fan ferhaletocht

Twa jier lyn is de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel begûn mei it sykjen nei folksferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel en dy hawwe se fûn! Op 16 maaie komt it boek: Fan Duveldrek nei Hoarnestreek út. In boek mei 30 ferhalen, foto’s, in hiel protte anekdoates, in rûte troch alle 16 doarpen, plattegrûnen fan de gemeente en de doarpen, in rûte yn elk doarp en histoaryske feiten.
De skriuwers Jetske Bilker, Neeltje Bonnema en Mindert Wynstra ha de ferhalen sels ynlêzen en sa komt der ek in harkboek fan 4 cd's út. It is nei de oanbieding foar € 15 te keap.

Ferhaletocht Frjentsjerteradiel
3 april Twa nije harkboeken yn it fûns fan Audiofrysk
Yn 2002 ferskynde by De Arbeiderspers it proazadebút fan Harmen Wind: Het verzet. De skriuwer hat it boek dêrnei sels oersetten, eins op 'en nij skreaun yn it Frysk. En no hat er de hiele roman ynlêzen en kin it as harkboek kocht wurde (10 cd's, € 24, online aanst € 19).
Akky van der Veer hat har histoaryske novelle Kuneara foarlêzen foar de mikrofoan. Sa rint it tal nije harkboeken al moai nei de tweintich ta. (De doelstelling fan Audiofrysk foar it earste projektjier, dat rint fan 1 sept. 2008 - 1 sept. 2009.)
It Ferset, autobiografyske roman fan Harmen WindKuneara fan Akky vd Veer
1 april Jorwert fan start
Op woansdeitejûn 1 april setten de repetysjes foar Tuskentiid - Je moatte der yn leauwe út ein. Op de folle boppeseal fan Het Wapen van Baarderadeel hold regisseur Tjerk Kooistra in ynspirearre betooch oer doelen en driuwfearen en dat it dochs benammen giet om wat jo yn De Tuskentiid dogge.
Dêrnei koe it bysûndere dekorûntwerp fan Ekko de Bakker besjoen wurde. Je witte daliks dat it stik yn desimber spilet.
Tuskentiid yn de notaristún
Oar Alder nijs 2007 2007/8 2008/9 2009 2010/11 2012 2013