Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 

Earder nijs: 2010 en 2011

 

12 desimber List fan berneboeken by Audiofrysk
Spesjaal foar fersprieding op de skoallen is der in nije fûnslist opsteld fan alle harkboeken, dy't oan no foar bern útkommen binne. De opsomming rint fan Spikergek fan Anny de Jong oant Kantsjeboard op Kurasao fan Auck Peanstra yn de Traveliersrige.
Ek de eardere Mentha Minnemaboeken binne wer even nei de foargrûn helle.
 
25 novimber

Klaas Bruinsma sjongt in liet fan Gysbert Japiks yn it Latyn. Dêrûnder stiet de Fryske tekst en de oersetting.

 

 

By't opgean fan de sinne

fan Gysberyt Japiks

Wolkom, freugde fan de wrâld
Haadljocht oer de stjirren,
Griente - krûd en blommefâld,
Mjitter fan ús jierren.
Himeleach dy't al oersjocht,
Dy't ús dauw' en mist ûnttsjocht,
Dy't ús fjild bemielet,
Ja, mei goud oerstrielet.

Kears en lampe fan de dei
Út fijân, iisteier,
Moudestower droegewei,
Nacht- en froastferjeier.
Ljepper oer it wiet en droech,
Rûnomrinder, nimmer slûch,
Ier en let allinne,
Wolkom, wolkom, Sinne!

'k Sjoch de nacht alrju ferflein
Mei syn brune wjûken,
Alle man dy riist oerein
En begjint t' ûntlûken.
D' iene ploeget, sieddet, eid't
D' oare skiep en kij ferweid't.
Elk is drok yn roeren
Om syn dwaan te stjoeren.

Sub solis Orta
Gisberti Iacobi (1603-1666)
(Latynske oersetting Klaas Bruinsma)

Ave, mundi gaudiam,
Princeps es astrorum.
Tutor florum graminum,
Mensor es annorum.
Orbis videns omnia,
Levans nubum onera,
Pictor es camporum,
Auro radiorum.

Clara fax diei es,
Hostis noctuarum,
Pellens noctis glacies,
Siccitas viarum.
Totam terram transsilis,
Solus erras circulis,
Semper vigilanter,
Ave Sol, constanter!

Iamque evolavit nox
Atris alis tentis.
Dormitores surgunt mox,
Portas aperientes.
Arant, occant, seminant,
Pascunt pecu, procurant.
Omnis diligentes
suas res regentes

8 novimber

Knappe start Tyskerblues

Snein 6 novimber kaam der in moaie ploech publyk ôf op it earste blueskonsert yn de Tysker yn Easterwierrum. It poadium, opboud mei skerms fan grutte pallets, foel yn de smaak en de Gin House Bluesband hie der sin oan. Se wiene op folle bluessterkte oantreden en spilen mei seis man. In prachtige sneintemiddei waard it, it iennichste dat ús ôffoel wie de broadsjekonsumpsje. Je kinne ek net alles krekt ynskatte. Fierder wie de muzyk en de ambiânse optimaal. Is it de opmaat nei in rige?

De band yn aksje

 

It poadium
17 oktober

Prima dei yn Drachten

De sinne skynde oer de Fryske literatuer, it is al wer jierren lyn dat it sok moai waar wie op de boekemerk op it Frânske pleintsje.
Der wie in soad folk op 'e lapen en de measte útjouwers ferkochten mear as ferline jier.
Audiofrysk hat krekt deselde omset draaid, mar der binne wol in protte flyers útdield en kontakten lein.

Sinne en audioboeken

Foar mear foto's sjoch Wâldnet.
7 oktober

Sneon 15 oktober boekemerk yn Drachten

De earste boekemerk fan Boeken fan Fryslân wurdt no sneon yn Drachten holden.
Sjoch hjir foar de poster.

Hjirûnder de tekst fan it parseberjocht

As ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek organisearret de stichting Boeken fan Fryslân op sneon 15 oktober fan 11.00 oere ôf oant 17.00 oere de boekemerk yn Drachten op it Frânske Pleintsje (Noarderbuert). Alle útjouwers yn Fryslân presintearje dêr harren nijste romans, berneboeken, itensiedersboeken ensafh. Neist de nije útjeften is der ek wer in ferskaat oan oprommingsboeken. Fierders hawwe jo de gelegenheid om yn kontakt te kommen mei jo favorite auteur. Skriuwers as Durk van der Ploeg, Hylke Speerstra, Willem Schoorstra, Auck Peanstra, Johan Veenstra, Ate Grypstra ensafh. binne oanwêzich.

It gehiel wurdt muzikaal opfleure troch Bennie Huisman.

Boeken fan Fryslân
17 sept

Moanne fan it Fryske Boek

By oankeap fan in harkboek fia de website fan Audiofrysk krije jo fergees it papieren kadoboek fan Hylke Speerstra De Treastfûgel derby.

Treastfûegel as kado
11 sept

Moanne fan it Fryske Boek

De Moanne fan it Fryske Boek komt der oan.
Nij by Audiofrysk binne û.o. It piipjen fan de proai troch Sjoerd Bottema en Salsafamke fan Hanneke de Jong.

De Moanne begjint mei it Boekefeest op 16 septimber. Dan wurdt ek it boekewikegeskink De treastfûgel fan Hylke Speerstra presintearre.

Boekefeest
23 juny

Palindroomwedstriid fan Taalburo Popkema

Anne Popkema stelde in pear harkboeken fan Audiofrysk beskikber as priis. Sjoch hjir in stikje út it sjueryrapport:

Wat de sjuery as it moaiste palindroom beskôget, is de ynstjoering fan Henk Wolf:
“Net tije! Tep ús lof, jim famkes. It is ek maf mij fol sûpe te jitten.”

It foldie de sjuery benammen dat der gjin ôfkoartings of útroppen yn brûkt binne, en dat der twa sokke moaie âlde Fryske tiidwurden yn brûkt wurde (tije en teppe). It poëtysk absurdisme makket de fraach oft it semantysk al of net sinfol is, oerstallich. Lit it wurdboek mar gewoan yn de kast en genietsje fan de taal. It is ommers wat it is, en oarsom allyksa. In palindroom.

Lês mear op Skanumodu.

Taalburo Popkema
21 juny

De harkboeken fan Audiofrysk binne no ek online by Libris en Blz.

Vanaf vandaag ook luisterboeken downloaden via websites van Libris en Blz.
Libris en Blz. en Luisterrijk sluiten overeenkomst

Haarlem, 22 juni 2011 – Luisterrijk bv en Libris/Blz bv gaan samenwerken om het aanbod van Luisterhuis te integreren met het aanbod van libris.nl. en Blz.nl. Webklanten van de Libris-en Blz.-boekhandels kunnen in hetzelfde winkelwagentje dan ook luisterboekendownloads aanschaffen, naast gewone boeken, e-boeken en luisterboeken op cd.

Net als ebooks mogen luisterboeken rekenen op een groeiende belangstelling. Luisterrijk bv, marktleider op het gebied van downloadbare luisterboeken in Nederland en Vlaanderen, en Libris en Blz, één van de meest toonaangevende boekhandelsgroepen met het grootste gezamenlijke marktaandeel van 17% in de algemene boekenmarkt, hebben vandaag een samenwerkingsovereenkomst gesloten waarbij het totale aanbod van luisterboeken in mp3-downloadvorm wordt toegevoegd aan de online winkel van Libris en Blz. Alle Libris en Blz.-winkels krijgen op die manier binnenkort in hun webshop hetzelfde aanbod als Luisterrijk.

Legaal downloaden groeit
Recent onderzoek toonde aan dat van de consumenten die luisterboeken kopen, meer dan de helft kiest voor een download. Volgens Luisterrijk is het aantal consumenten dat kan en wil downloaden sterk groeiende. Voor de boekhandel die luisterboeken op cd verkoopt is het dus een logische stap het aanbod uit te breiden met downloads via de eigen webshop.

Luisterhuis
Speciaal voor de distributie van digitale downloads aan andere webshops heeft Luisterrijk in 2010 de afdeling Luisterhuis opgericht. Luisterhuis is inmiddels de grootste en meest complete digitale distributeur van mp3-luisterboeken in Nederland en Vlaanderen. Luisterhuis vertegenwoordigt het digitale aanbod van ca. 100 uitgevers van luisterboeken, waardoor meer dan 1200 mp3 luisterboeken, die te downloaden zijn, beschikbaar zijn voor webshops. Luisterhuis levert alle noodzakelijke gegevens voor de winkelcatalogus (inclusief mp3-luistervoorbeelden) en verzorgt de directe digitale levering aan de eindgebruiker.

Inmiddels heeft Luisterhuis overeenkomsten gesloten met Boek.be / www.e-boek.org, Boekhandel van Stockum, Boekhandel Huyser, M+ Groep, Bebok / Zelfhulpstore, CareCam Systems, YouBeDo, BookInABox en dus nu ook met Libris en Blz.

Huub van de Pol, mede-oprichter van Luisterrijk: 'De jaarlijkse Week van het Luisterboek, nu alweer voor het zevende achtereenvolgende jaar georganiseerd, laat zien dat het luisterboek in Nederland inmiddels een vaste plaats heeft gekregen. Maar veel consumenten kennen het luisterboek simpelweg nog niet en door samenwerkingen met toonaangevende partijen als Libris en Blz. zal de omzet in dit segment groeien en heeft de consument meer keuzevrijheid.'

Betere dienstverlening boekhandels
Boekhandels in Nederland hebben de lastige taak de veeleisende consument te bedienen met een aantrekkelijk geprijsd aanbod en goede service. Libris Blz bv biedt een retailformule die de boekhandel veel vrijheid geeft een eigen signatuur aan de winkel te geven, in combinatie met een aantal sterke centrale faciliteiten. De boekhandel is hard bezig zijn positie te claimen in de digitale wereld, en kan - in tegenstelling tot pure webwinkels - gebruikmaken van de combinatie online / offline. Het leveren van ebooks via de webshops van Libris is daar een goed voorbeeld van.

Caroline Damwijk, directeur van Libris/Blz. bv.: 'Wij willen onze klanten digitale diensten kunnen aanbieden, zoals ebooks, ebookbonnen, luisterboeken etc. Door op landelijk niveau overeenkomsten af te sluiten zoals met Luisterhuis kunnen onze boekhandels vrijwel zonder additionele kosten hun assortiment uitbreiden en service verbeteren. Een aantal Libris- en Blz.-boekhandels hebben in de winkel ook al een Luisterkiosk staan om de consument ter plekke beter te informeren over luisterboeken, en zo sluiten online en offline perfect op elkaar aan.'

 

Luisterhuis
1 juny Ien foar de wraak is no in moanne lang fergees as download te krijen by Luisterrijk. Nije poster detektives.  
27 maaie

Fergees dellade fan Ien foar de wraak: 1 juny -1 july

Om it harkboek yn de hûs te krijen, geane jo rjochtstreeks nei Luisterrijk en type Ien foar de wraak yn it Zoek-fak. Dan wiist it him fansels.
As jo op dizze link klikke, komme jo fuort op de side fan Joop Boomsma syn detektive.
Sukses en in protte wille mei it misdiedferhaal, foarlêzen troch Sjoerd van Beem.

De aksje start op 1 juny.


Ien foar de wraak, fergees yn de Maand van het spannende boek
23 maaie

Audiofrysk stelt, yn de mande mei Luisterrijk, de detektive Ien foar de wraak fan Joop Boomsma yn de moanne juny fergees beskikber. Dizze knap skreaune misdiedroman wurdt meinimmend foarlêzen troch Sjoerd van Beem.

Juny is dé tiid om in audioboek oan te tugen. Spannende boeken binne faak hiel geskikt om foarlêzen te wurden. In detektive yn it ear is in spannende erfaring dy't foar in bysûndere ûntspanning soarget.
Audiofrysk jout jo dêrom graach de gelegenheid om yn de kunde te kommen mei Fryske detektives.
Sjoerd Bottema syn ferhalen yn It piipjen fan de proai hawwe allegearre thrillerachtige eleminten. Sietse de Vries ferhaalt oer in moardsaak yn de buert fan de Griene Stjer: Kûgels foar Kant. En foar bern binne de Mentha Minnema's noch altyd de muoite fan in pear oerkes lústerjen mear as wurdich.

Moanne fan it spannende boek
16 maaie

Tolkien kongres - De Hobbit yn it Frysk

Op it Tolkienkongres fan 20-22 maaie 2011 op kasteel De Berckt yn Baarlo (Limboarch) sil Anne Tjerk Popkema ien en oar fertelle oer syn oersetting fan De Hobbit. Ek it harkboek komt sa ûnder de oandacht fan in protte Tolkienleafhawwers. Foar mear ynformaasje sjoch by Unquendor.

 

Unquendor, it Nederlânske Tolkiengenoatskip
8 maaie De Hobbit, It piipjen fan de proai en de lêzingesearje Oer Fryske Literatuer 2000-2010 binne no online bij Luisterrijk. Luisterrijk, de downloadshop
5 april

De Hobbit is útkommen!

Dit klassike 'berneboek foar folwoeksenen' fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy't de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset.

No is it ek as audioboek te keap by Audiofrysk.

 

De Hobbit by Audiofrysk
2 april

Iepenjen seizoen kadowinkel Op 'e stâl yn Bûtenpost mei ekstra oandacht foar Anny de Jong.

Sjoch fierder by Yn de media.

Anny de Jong, maitiid
14 maart

Parseberjocht oer Dy't in hûs fynt op 'e wyn de doar út.

Lês it hiele berjocht by Yn de media.

Abe de Vries
4 maart

Luisterboeken downloaden is populair
Downloadshop Luisterrijk wint Thuiswinkel Award

Lês der mear oer by Yn de media.


 
24-26 feb 2011

Trijelannenkonferinsje yn Antwerpen

Berneboekeskriuwers út Bel;gië, Dútslân, Nederlân en Fryslân praten twa dagen lang oer de berneliteratuer fan de ôfrûne tiid en benammen ek fan de takomst.

Lês der mear oer by Yn de media.

 
13 febr 2011

Earste ferkeapaksje fan Boeken fan Fryslân yn Jorwert

Ta gelegenheid fan de Valentijnsdei - Ferhaletocht Leafde foar de winter yn Jorwert hat in sutelploech út it aktive doarp Fryske boeken ferkocht. By it oanbod wiene ek fjouwer harkboeken fan Audiofrysk en dêr wie prima belangstelling foar. Harkboeken en ferhalenfertellers is fansels ek in moaie kombinaasje. Foar foto's fan de ferhaletocht sjoch de site fan Jorwert.

Ferhaletocht
8 febr 2011

Lêzing 8 febrewaris 2011: It libben sels
wie in sukses

De ôfrûne tsien jier hat in opmerklik oantal biografyen it ljocht sjoen. Bygelyks oer Anne Wadman, Fedde Schurer en Pieter Jelles Troelstra. En der is ien op kommendewei oer Gerbrandy, dêr’t Cees Fasseur mei dwaande is. Oer dit aktuele en tige nijsgjirrige sjenre hat Doeke Sijens op ’e tekst west. Hy prate út eigen ûnderfining mar yn syn lêzing hat er it hiele fjild oereide. Dat die er oan de hân fan ferskate foarbylden en krityske skôgings.

Doeke Sijens
29 jan 2011

Twa nije audioboeken by Audiofrysk

Alle dichtbondels fan Abe de Vries binne yn in sammelwurk ferskynd ûnder de titel Dy't in hûs fynt op 'e wyn. It nijsgjirrige is, dat dizze samling allinne as harkboek beskikber is. Alle 208 gedichten binne yn de knappe fertolking fan de dichter sels te hearren.

De ferhalebondel Ûnder de seespegel fan Durk van der Ploeg is no as harkboek op de merk brocht. It giet om langere ferhalen, dy't syn hiele wurksume libben as skriuwer beslane. Sa is dit audioboek in goede manier om mei it wurk fan ien fan de grutste Fryske skriuwers fan no yn de kunde te kommen.

Abe de Vries

Durk van der Ploeg

26 jan 2011

Spegelskrift - Alpita de Jong

De tredde Sirkwy Seminarlêzing by Tresoar wie prima besocht. Nei de lêzing wie der tiid om oer de romankeunst te praten. Opfallend wiene de soms diametraal foar inoar oer steande mieningen oer bepaalde boeken (Oxzana, De Mjitte.)

De hiele lêzing komt begjin nije wike op Sirkwy te stean.

It seminar
20 jan 2011

Nationale voorleesdagen - Nasjonale foarlêsdagen:

Net allinne boeken foar pjutten en beukers, ek foar de wat gruttere bern is der dit jier wer in boek fergees beskikber!

Helje it harkboek Nacht op it eilân fergees del by Audiofrysk en set it yn de mp3-spiler, de iPad, iPod, iPhone, smartphone, blackberry, en de bern hawwe in spannend oerke op Schylge.

Nacht op it eilan
14 jan 2011

Is de Fryske literatuer âldfrinzich? Wurde der noch wol boeken útjûn dy't de muoite wurdich binne? Op dizze fragen krije jo antwurd op tiisdei 25 jannewaris. Dy jûn sil Alpita de Jong op 'e tekst oer it Fryske proaza fan 2000 oant 2010. Se docht dat oan de hân fan ferskate romans, dêr't se krityske opmerkings by pleatst en oanjout wêr't har miening op basearre is. Net eltsenien sil it altyd mei har fisy iens wêze en dêrom is der ek romte foar fragen en diskusje.

Alpita de Jong (1962) studearre algemiene literatuerwittenskip en Italjaanske taal- en letterkunde yn Leiden. Sûnt 1998 publisearret se oer de Fryske literatuer. Se wurke as dosint Fryske letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam en promovearre dêr yn 2009 op in proefskrift oer Joast Halbertsma syn kontakten mei oare taalgelearden yn Europa.

Dizze lêzing is de tredde yn in rige fan fjouwer jûnen 'Sirkwy Seminar Fryske Literatuer'. De searje wurdt ôfsletten op 8 febrewaris, troch Doeke Sijens mei de lêzing 'It libben sels', dat giet oer de biografy. It projekt is in inisjatyf fan Audiofrysk, dat dêryn gearwurket mei Tresoar, Taalburo Popkema, Bibliotheekservice Fryslân en de Fryske Akademy. Nei ôfrin wurde de fjouwer lêzingen publisearre, om dêrmei de lêste tsien jier Fryske literatuerskiednis fêst te lizzen.

Alpita
12 jan 2011

Ynspirearjende jûn mei Bouke Oldenhof
Hat it Frysk toaniel noch takomst? Ja, om de blinder wol, seit Oldenhof, mar der binne wol ûntwikkelingen...

Lês mear by Yn de Media.

Bouke Oldenhof oan it wurd
6 jannewaris 2011

Tromp fan Driessen - Online

De hiele lêzing fan Hylke Tromp oer de moderne poëzij fan Fryslân is no nei te lêzen fia de site fan Sirwky.nl.

Trom fan Driessen
23 desimber

Gedichten fan Abe de Vries

Ynkoarten ferskynt by Audiofrysk de earste folsleine audioferzje fan it sammele dichtwurk fan in Fryske skriuwer.

Gysbert Japixc priiswinner Abe de Vries hat syn fiif bondels byinoar brocht yn it harkboek: Dy't in hûs fynt op 'e wyn. Begjin jannewaris komt it út.

 

 
1 desimber

De tromp fan Driessen - Hylke Tromp

De earste Seminarlêzing oer de poëzij fan de ôfrûne tsien jier is bjusterbaarlik goed slagge. Wy hiene in moaie opkomst, mei in protte dichters ek, en de wiidweidige lêzing fan Hylke Tromp hold de oandacht fan it begjin ôf fêst.
Tromp begûn mei in yn memoriam foar de dichters, dy't yn dizze ieu publisearre hawwe, mar ûnderwilens stoarn binne: Sikke Doele, Theun de Vries, Swaantsje Duursma, Harmen Wind, Tiny Mulder.
Oan it skoft ta gie er yn op de foarm fan de poëzij, oan de hân fan foarbylden; nei it skoft joech er in breed oersjoch fan de ynhâld yn de Fryske dichtkeunst. Oan de ein kaam it noch ta in diskusje oer it ûnderskied taal-dialekt, en it engaazjemint yn de hjoeddeiske Fryske literatuer.
De earste cd fan it harkboek fan de fjouwer lêzings kin opmakke wurde, de opnames binne krekt ûnder de 80 minuten bleaun, en sa past it perfekt.
Op de foto kriget de sprekker in trompke mei ynhâld, want nei de moraal komt dochs altyd wer das Fressen, al sil it ek yn in tromp foar Tromp wêze.

Tromp fan Tromp
12 novimber Sirkwy Seminar
Tariedingen foar it Sirkwy Seminar Fryske Literatuer yn folle gong. De earste lêzing is De tromp fan Driessen troch Hylke Tromp oer de poëzij fan de lêste tsien jier.
(30 nov. 20.00-22.00 oere by Tresoar.)

Kaartsjes of passepartouts binne no te bestellen fia dizze site. Sjoch foar mear ynformaasje de spesjale Seminarside fan Audiofrysk.
It seminar
12 oktober

Twa titels fergees beskikber

Foar de promoasje fan it Fryske harkboek binne no twa audioboeken fergees beskikber as download by Luisterrijk.
It giet om It Heksershol fan Joast Hiddes Halbertsma, dat earder as aksjeboek by de SULT-foarstelling yn 2009 in moai sukses wie, en in berneboek. Mentha Minnema en it klokkemystearje jout in moai foarbyld fan de hiele rige bernedetektives, dy't ek as harkboek beskikber binne.

Mentha Minnema
2 oktober

Drokke boekemerk yn Drachten

Protte minsken, ferkeap hat wolris grutter west.
Flink belangstelling foar de flyer fan Audiofrysk. Klik op de foto hjirneist foar mear foto's fan de stand mei harkboeken.

Boekemerk DRachten
20 septimber Audiofrysk is oanwêzich op twa boekemerken tagelyk! Op sneon 2 oktober wurde de harkboeken fan 10-17 oere ferkocht yn Drachten,en fan 13-17 oere yn de tsjerke fan Jorwert. Mear ynformaasje oer Jorwert stiet yn de flyer . Foar de boekemerk yn Drachten sjoch de Moanne fan it Fryske boek.  
3 septimber

Kadootsje fan Audiofrysk yn de Moanne fan it Fryske boek

Wa't yn it besit is fan 'Los Sân' fan Greet Andringa, kin it harkboek fan De diggels fan Che foar nul sinten dellade by www.luisterrijk.nl. De koade foar yn it boek jout rjocht op ien download fan de ferhalen, foarlêzen troch de skriuwster sels. Dizze aksje duorret de hiele moanne septimber, oant en mei de dei fan de boekemerk yn Drachten op 2 oktober.
Ek wa't in harkboek fia dizze site rjochtstreeks by Audiofrysk keapet, kriget 'De diggels fan Che' dêrby kado.
Sjoch hjir foar de hantlieding foar it delladen.
Mear ynformaasje oer de Moanne fan it Fryske boek.

Kado yn de moane fan it fryske boek
15 juny

Start 'Week van het Luisterboek'

Yn de radioútstjoering fan Kunststof op radio 1 is de Week van het Luisterboek (16 - 27 juny 2010) ynsetten mei it útrikken fan de Estapriis foar it bêste harkboek fan 2009.
De priis gie nei P.F. Thomése foar syn roman J. Kessels, The novel, dy't er sels ynlêzen hat, mei muzyk fna The Hank Five.

Op de foto kriget Thomése de priis út hannen fan sjueryfoarsitter Hadassah de Boer.
Yn de Week van het luisterboek is der ek in geskink yn de foarm fan in cd mei ferskillende kollums: Groeten uit column. Wa't in harkboek fan Audiofrysk keapet fia Luisterrijk, kriget it der fergees by.

Esta priis
9 juny

De Traveliers winne de Bongelboekepriis fan de NHL!

Sjoch hjir foar in ympresje. Of sjoch de website fan de Traveliers sels.

Bongelboekepriis yn Burgum
22 maaie

Prachtige tentoanstelling oer Rink van der Velde by Museum Drachten.

Sjoch fierder by Yn de media.

Feroaring fan lucht
26 april

Audiofrysk oansluten op digitale biblioteek yn Sirkwy

Yn de Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer (DBFL) binne in oantal titels opnommen dy’t troch Audiofrysk ferkocht wurde as audioboek. It giet om

Froukje Annema - Sûnder garânsje
Rink van der Velde - Feroaring fan lucht (nije edysje)
Rink van der Velde - De fûke (nije edysje)
Auck Peanstra - Sitebuorren, myn eigen paradys

Audiofrysk en Tresoar hawwe ôfpraat dat sy nei elkoar ferwize sille. Minsken dy’t de DBFL rieplachtsje kinne sa maklik by de bestelfunksje fan Audiofrysk komme, en omkeard kinne besikers fan de Audiofrysksite maklik by de tekst fan it boek komme. Sagau’t Audiofrysk mar boeken út de digitale biblioteek beskikber hat, sille dêr de tekst en de audio-site ek fan keppele wurde.

Fan Sûnder garânsje kin út de DBFL wei allyksa maklik in boek-eksimplaar besteld wurde by útjouwerij Elikser. De oare trije fan de boppeneamde titels binne net by Elikser te keap, omdat de lêste printing noch leverber is.

Sjoch by Sirkwy foar mear ynformaasje
20 april It jier 2010 is útroppen ta Rink van der Veldejier. Om de bekende skriuwer te earjen, wurdt tiisdei 20 april yn Drachten in sympoasium holden oer de Twadde wrâldoarloch yn it wurk fan Van der Velde. Tagelyk ferskynt dan it boek: De Oarloch fan Rink van der Velde, mei trije romans yn ien bân: 'Beafeart nei Saint Martin', 'De Ofrekken' en 'Alde Maaie'.
Audiofrysk is mei in stand oanwêzich op it sympoasium om de harkboeken 'Feroaring fan lucht' en benammen 'De Fûke', dat ommers ek oer de oarloch giet, ûnder de oandacht te bringen. Laad hjir de poster del.
Ek nij:
poster fan de nije harboeken april 2010
poster Fryske harkboeken algemien
2010 Rink van der Velde jier
10 april

Twa nije harkboeken op CD te keap:
In nij boek yn de rige De Traveliers: In flitsend hûntsje, fan Anny de Jong.

En de earste echte detektive fan Audiofrysk: It spannende Kûgels foar Kant, fan Sietse de Vries.

It totaal fan Audiofrysk is sa kommen op 45 harkboeken.

Wer in nij Traveliers boek
12 maart 2010

1000ste harkboek by Luisterrijk online

Fan 'e wike gie www.luisterrijk.nl oer de grins fan 1000 harkboeken op harren site. Fan Audiofrysk hawwe wy der sa'n 45 titels oan bydroegen, hielendal net min út it lytse taalgebiet wei.
De trije audioboeken fan hjirûnder binne no ek online del te laden by de webwinkel yn Haarlim, dizzen hawwe al wer nr 1072 - 1074. Luisterrijk giet troch en ek wy binne al mei de folgjende titels oan it wurk.

Luisterrijk
5 maart

De Fûke en De diggels fan Che

Hjoed binne twa nije harkboeken útkommen.
Yn it foarste plak de prachtige koarte roman De Fûke fan Rink van der Velde. Yn it Rink van der Veldejier sil hjir grif noch op in letter momint oandacht foar wêze. It is goed, dat dizze klassiker no ek yn audioformaat beskikber is.

Fan Greet Andringa is har debútbondel De diggels fan Che as harkboek ferskynd by Audiofrysk. De skriuwster hat de ferhalen sels ynlêzen en jout sa in bysûnder autentike sfear mei oan dit moderne harkboek,

De FûkeModerne ferhalen
15 - 01 -10 'Help... in hûn' 10 dagen lang yn de belangstelling!
By de nasjonale foarlêsdagen leit de klam op de jonge bern, mar dit jier is der yn Fryslân ek omtinken foar de âldere groepen.
It boek Help... in hûn, fan Anny de Jong, is dy dagen yntegraal, yn syn hiele hear en fear, as harkboek beskikber op de site fan It Frysk Berneboek.
Fan 20 oant en mei 30 jannewaris is it ferhaal dêr gratis del te laden.
Sa kin elts dy't dat wol, op in ienfâldige manier yn de kunde komme mei it fenomeen harkboek.
Dit audioboek oer Lideweij en Kasper, oer Marianne de sjoernaliste en oer harren freon DJ (Durk Jan) dy't safolle mei kompjûters kin, wurdt foarlêzen troch de skriuwster sels.
Harkje, hoe't Ster, de hûn dy't Marianne by wurk en wenjen helpt, in eangstich aventoer belibbet, as syn bazinne midden yn de nacht noch nei de redaksje ta moat.
De oanbiedingsbrief foar skoallen en pjutteboartersplakken stiet by Yn de media.

Help... in hûn, boek tsien dagen fergees del te laden by It Fryske Berneboek

It Fryske Berneboek  yn de Nasjonale Foarlêsdagen

Alder nijs 2007 2007/8 2008/9 2009 2012 2013