Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 

Earder nijs: 2012

 

11 novimber

Tyskerblues

Pracht middei mei Bluesmotel út Amsterdam. Foardat se Easterwierrum ynrieden setten se earst it boerd mei de poster fan harren optreden even opde foto.
Zo beroemd zijn we dus al!

Ek fierder hiene de mannen it poerbêst nei 't sin yn de Tysker. It publyk al krekt gelyk sa. Dus op nei takom jier. 10 novimber 2013 wurdt de tredde edysje.

27 oktober

Flyerje foar de bluesTyskerblues yn Easterwierrum, gearwurking mei Audiofrysk

 

Op 11 novimber is de twadde Tyskerblues yn Easterwierrum.
Audiofrysk is mei-organisator en sposor fan it evenemint. Dus moat der flyere wurde yn de omlizzende doarpen.
BluesMotel komt fiif man sterk nei de Tysker, it doarpshûs fan Easterwierrum, om foar it earst ek yn Fryslân te spyljen. In moaie gelegenheid om mei har yn de kunde te kommen.

13 oktober

Kâlde boekemerk yn DrachtenBoekemerk yn Drachten

 

Der hat wolris mear folk west yn Drachten. Mar sa stil as op dizze foto wie it meast ek wer net...
By Audiofrysk rûn de kado-cd prima, in protte lju wiene ferrast, omdat se net heal wisten, wat der allegearre wie.
Anny de Jong pandere hinne en wer tusken de stand fan de Afûk en dy fan Audiofrysk.
Berneboeken ferkeapje faak noch wol, al fersuchte Anny: 'Pakes en beppen soene ek ris in boek foar wat âldere bern keapje moatte.'

Boekemerk Drachten op snoen 13 oktober

Hein Jaap Hilarides mei gitarist Rik Meyer fersoargen de muzyk, ôfwiksele troch Bennie Huisman mei syn akkordeon (by de kream fan Elikser, mei útjouwster Jitske Kingma en Obe Postmapriiswinner Anne Tjerk Popkema noch krekt te sjen).

25 septimber

Traveliet stiet online!

De searje oer de Traveliers, boeken yn it bûtenlân

Harkje nei it liet, songen troch Wiebe Kaspers.

De tekst is fan de skriuwers Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus, Oane Peenstra hat de melody komponearre.

22 septimber

Ynterview op omrop Boarnsterstim. Hanneke van der Hei praat mei Jan oer Audiofrysk.

Harkje der nei by Yn de media.

14septimber

Anne Popkema wint de Obe Postmapriis foar syn oersetting fan De Hobbit.

Sjoch ek it parseberjocht by Yn de media.

 

22 augustus
Feestje fan de oanbieidng fna Spoaren!Feestje ta gelegenheid fan it ferskinen fan Spoaren!, it sechsde boek yn de Traveliersrige.
Anny de Jong hat it daliks ynlêzen, dat it harkboek koe feestlik oanbean wurde by in itentsje fan de trije skriuwers. De nije skriuwerskalinder is ek noch mar even op de foto setten. Alle trije en Marja ek hawwe dêr hiel wat wurk foar fersetten.
21 augustus Seis fragminten samplerAksje-cd's binne oankommen.
DHL brocht fan 'e moarn 9 doazen mei 5000 cd's by Audiofrysk yn Easterwierrum. It sjocht der moai út. De earste eksimplaren binne al weijûn oan potinsjele klanten!
12 augustus

In nije Traveliers! Spoaren! hyt er en hy is skreaun troch Anny de Jong.

It harkboek komt der oan by Audiofrysk.

Sjoch ek de spesjale website fan de Traveliers.

25 juny

Auck Peanstra hat mei it boek 'Kantsjeboard op Kurasao' de Sulveren Spjeld wûn. Dizze priis is fan de Fryske Berneboekesjuery en bedoeld om it lêzen ynBerneboekesjuery de Fryske taal te stypjen. Peanstra wie mei Jan Schotanus en Anny de Jong nominearre. Hûnderten skoalbern ha meidien oan de Berneboekesjuery. Se koene it moaiste boek kieze út in rige fan fiif.

Dy rige fertelt oer de famylje Travelier. Heit is geolooch en sadwaande bedarret it gesin op frjemde plakken, dêr't sy spannende aventueren belibje. Der wurdt oan in sechsde titel wurke.

De reportaazje op Omrop Fryslân is hjirûnder te hearren:

21 maaie Nije flyer mei 4 ynteressante tiels en in folsleine list mei alle harkboeken fan Audiofrysk.
1 maaie

Twa nije harkboeken ferskynd by Audiofrysk:Wieke de Haan - Echt Moai

Echt Moai fan Wieke de Haan en de lêzingesearje

Literêre 4-stêdetocht, mei fjouwer nijsgjirrige lêzings oer de stân fan de hjoeddeiske Fryske literatuer. Fjouwer lêzings oer literatuer

19 april

Noch in pear dagen en de Wike fan it harkboek begjint!

In moaie gelegenheid om in audioboek fan Audiofrysk te probearjen. Nim bygelyks Durk van der Ploeg syn ferhalebondel Under de seespegel.

Of de prachtige jeugdroman Salsafamke fan Hanneke de Jong.

Mear oer de Week van het luisterboek, dy't fan 23 oant 28 april duorret dit jier op de site fan Week van het luisterboek 2012

 

17 maart

Prachtige middei mei Bruinsma yn de haadrol

Goed sechtich gasten wiene ôfkommen op de oanbieding fan it earste harkboek fan Klaas Bruinsma. De portretten yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar wiene tsjûge fan in ynspirearjende oardel oere.

Bruinsma lêst foar
Mei syn bysûndere foardracht tsjoende Klaas Bruinsma ús de wrâld fan de froasken en mûzen yn it âlde Grikelân foar.

Deputearre Kramer kriget earste eksimplaar

Deputearre Kramer wie tige ynnommen mei it earste eksimplaar fan it harkboek fan de Pseudo-Homearus. Hy pleite foar folle mear audioboeken yn it Frysk, ek op de moderne media. Sels kocht er in protte harkboeken fia Audible, in Ingelske boekfersprieder. Opfallend wie, dat er de Reade Bwarre fan Trinus Riemersma as foarblyld neamde fan wat geskikt is. Audiofrysk hat krekt de earste stappen set om dat wurk op cd en online út te bringen. Jitske Kingma fan Elikser koe noch meidiele, dat it ynkoarten ek as e-book ferskynt.

Koar en Bruinsma
It Doarpskoar Easterwierrum soarge foar in muzikaal yntermezzo, dat besletten waard mei 'Wolkom, freugde fan de wrâld', it fers fan Gysbert Japicx, dat net allinne yn it Latyn oerset is troch Bruinsma, mar dat er no ek yn it Latyn song.

Jitske Kingma

De spannende pylgerreis fan Sint Brandaan waard, nei it oanbieden fan it earste eksimplaar, yn it ljocht setten troch pastoar-emearitus Jan Romkes van der Wal.
Pastoar Van der Wal

It koar sleat de middei ôf mei noch in fjouwertal lieten út it wrâldrepertoire.
By in hapke en in drankje waard noch even oer de slagge middei neipraat.

15 maart

Oanbieding Pseudo-Homearus De Striid tuskern Froasken en Mûzen, oerset troch Klaas Bruinsma oan deputearre Johannes Kramer. 15.30 oere Tresoar

Tagelyk komt de bondel Sint Brandaan út, en hjirfan kriget pastoar-emeritus Jan Romkes van der Wal it earste eksimplaar.

De middei is in mei organisearre troch útjouwerij Elikser.

 
14 maart

Start Nederlandse Boekenweek

Tema Freonskippen en oare ûngemakken / Vriendschappen en ander ongemakken

It ideale momint om jo ûnder te dompeljen yn in audiobook: Bygelyks It Piipjen fan de proai, fan Sjoerd Bottema, of De Mjitte fan Koos Tiemersma, of Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde.

 
29 feb

Lêzing Raffelich Realisme Nyk de Vries yn Snits.

Nyk de Vries

 

 

 

 

 

 

Nyk de Vries

 
6 febrewaris

Traveliers oanbod foar de skoallen

Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery.
Wa kriget de priis foar it moaiste ferhaal?
Alle Traveliers-boeken binne ek te keap as audioboek.

Yn febrewaris en maart biedt Audiofrysk dy fiif audioboeken as searje te keap oan foar 50 euro, ynklusyf ferstjoerkosten! Stjoer in mail nei boek@audiofrysk.nl mei de namme en adres fan de skoalle (besoarchadres!) en jo krije se op skoalle besoarge.

Dochst mei?
3 febnrewaris

Alvestêdeferhaal fergees

Temperatueren sakje djip ûnderút, it iis groeit stadichoan en elkenien hat reedriden yn 'e holle.

Om alfêst in bytsje yn de alvestêdesfear te kommen (jo kinne sa'n tocht sa mar misse!), stelt Audiofrysk yn de mande mei Luisterrijk, Bornmeer en skriuwer Hylke Speerstra, ien alvestêdeferhaal út De Kâlde Krústocht fergees beskikber.

 

Jabik en Dieuwertje
29 jannewaris

Nasjonale foarlêsdagen wer foarby.

De Mentha Minnemaferhalen binne in oantal kearen delhelle. Hoefolle bern soene fan de ferhalen genietsje kinne?

Undertusken is Mentha Minnema en it klokkemystearje noch altyd fergees beskikber. Dat is no al mear as 100 kear oatúgd foar 0 sinten.

Klik op de link om it sels ek te besjen.

Mentha Minnema
18 jannewaris

Nasjonale Foarlêsdagen út ein!

Helje fergees in prachtige detektive yn 'e hûs. Foar bern dy't fan spanning hâlde.

Downloade kin hjir.

6 ferhalen mei de ferneamde speurder.
17 jannewaris

Fjouwerstêdetocht fan start!

André Looijenga brocht in oandachtich gehoar op de hichte mei de kollega lytse talen út Lúksemboarch en Friulië. Ek gie er yn op wat it betsjut om te skriuwen yn in minderheidstaal.

 

Oan it wurd
Alder nijs 2007 2007/8 2008/9 2009 2010/11   2013