Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 

Nieuws - nijs fan 2013

Sjoch by Nijsbrieven

22 novimber

Net opmurken primeur: Earste resinsje fan in Frysk e-book yn de LC

Doeke Sijens skriuwt in hiel loovjende resinsje fan Einum, de nijste roman fan Koos Tiemersma. It bysûndere oan dit boek is, dat it allinne as e-book te keap is by de website fan de auteur sels. Einum is noch net as harkboek by Audiofrysk útjûn, mar wol kinne jo Tiemersma hearre yn De Mjitte, dat ien fan de earste harkboeken foar folwoeksenen yn it Frysk wie. De resinsje fan Einum is hjirre te lêzen.

Einum fan Koos Tiemersma
17 novimber

Foardelich in Frysk harkboek dellade

Al mear as 60 titels fan Audiofrysk binne foar minder as in tientsje del te laden by Luisterrijk.

Probearje it ek in kear.

Luisterrijk, ek foar de harkboeken fan Audiofrysk
12 novimber

Tyskerblues top!

Ien plaatsje: Tyskerblues yn Easterwierrum

 
10 novimber

Tyskerblues yn Easterwierrum

Tyskerblues Easterwierrum mei HEALERS

 
5 novimber

Suteklaksje yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum

Sneon 9 novimber sille 27 skriwuers en in moai ploechje frijwilligers mei de kroade troch de trije doarpen om harren boeken oan de man te bringen.

It is in inisjatyf fan Ferdinand de Jong, dy't al gau in ploechje meistanners fûn om it te organisearjen.

Sjoch ek de flyer en de website.

Mei de kroade en boeken der by lâns
13 oktober

Knap ferkocht op Boekemerk

It waar hie better kinnen, mar ek folle minder! Mei droech waar opbouwe, nei in ferskuorrend min waarberjocht fan freed.

De merk wie wat lytser en it plak is ek net mear om de beam hinne. Guon útjouwers en skriuwers soene dat leaver oars sjen.

Boekemerk kream Audiofrysk, foto Drachtster Courant
Foto Drachtster Courant

Der wie aardich belangstelling en benammen de skriuwerskalinder ha wy knap ferkocht. Mar ek wer harkboeken oan nije klanten, en dêr giet it dochs om.

 
12 oktober

Boekemerk Drachten

Op it Frânse Pleintsje is fan 11 - 17 oere de grutste Fryske boekemerk fan it jier. Tref skriuwers en lêzers en keapje ien fan de nijste Fryske boeken.

Bygelyks de Reade Bwarre as harkboek: Foar mar 20 euro ha jo 25 oeren wille mei de roman fan Trinus Riemersma.

 
5 oktober

Kinderboekenweek 2013

Kado by Luisterrijk

Wa't yn de berneboekewike fan 2 - 13 oktober 2013 foar in bedrach fan 10 euro of mear dellaadt by Luisterrijk, kriget it Kinderboekenweekgeschenk Je bent super, Jan! fan Harmen de Jonge as harkspul kado. Keapje in pear Fryske berneboeken by Luisterrijk en profitearje der fan. Skoare by FC Top, De Traveliers Spoaren!, De Moaiste mearkes fan Grimm, Jappy en it sûkeladefabryk, genôch te kiezen.

 

 
4 oktober

Boek fan de Moanne

Willem Schoorstra syn grutte histoaryske roman Redbâd is it earste Boek fan de Moanne. De Stichting Boeken fan Fryslân wol mei dizze aksje alle moannen ien Frysk wurk yn de skynwerpers sette. Foarop stiet de gearwurking mei de boekhannels.

Les ek it artikel yn de Ljouwerter Krante fan 4 oktober.

 
2 oktober

Kinderboekenweek begûn

Fier him mei in Frysk berneboek, en erfaar hoe goedkeap in lústerboek fan Audiofrysk del te laden is.

Skoare by FC Top is foar 5 euro te besetten by Luisterrijk.

Weagje in skot.

Skoare by FC Top Jelle Bangma
14 sept

Nije flyer Audiofrysk

Trije titels steane yn de skynwerpers, achterop stiet in frij folsleine bestellist.

 

Flyer fan septimber mei De Reade Bwarre
13 sept

Freed 13 septimber

De Moanne fan it Fryske Boek giet los mei it boekefeest yn Tresoar, Ljouwert.

Audiofrysk hat de folgjende nije titels yn de skynwerpers stean:

Reade Bwarre Trinus RiemersmaMearkes fan Grimm Anne Tjerk Popkema

Moanne fan it Fryske Boek

De Treastfûgel Hylke Speerstra

6 septimber

Studio Súdwest

Snein 8 septimber begjint op StudioSúdwest, de lokale omrop fan it súdwesten fan Fryslân, in nije rige mei ferhalen fan Audiofrysk. Hans Bouwsma begjint mei Sjoerd Bottema syn De Lyklematapes, út de bondel It piipjen fan de proai. Dit wurdt ôfwiksele mei koarte ferhalen fan Wieke de Haan út Optriuwe en ôfbliuwe en Ophysje en delbêdzje. De útstjoerings binne moarns fan 8 oant 9 oere.
Sjoerd Bottema ferwurde syn oardiel oer de útstjoerings fan syn ferhalen sa:
'It is in fredige gedachte dat myn waarme lûd troch hiel de Súdwesthoekse eter sweeft, wylst ik mysels nochris lekker omdraai.'

 

Sudwest

 

 

It piipjen fan de proai

9 augustus

De Reade Bwarre is út!

Hjoed hat Dineke Bos it earste eksimplaar fan it harkboek op mp3-cd krigen.

 

De Reade Bwarre Trinus Riemersma
21 juny

Priisferleging downloads (realisearre op 22 juny)

Audiofrysk is no goed 5 jier aktyf. In moai momint om even stil te stean en te sjen, hoe't de saken geane.
Eins rint de ferkeap fan de harkboeken fan Audiofrysk net hurd genôch om de kosten der út te krijen. Wy ha nei alles sjoen en binne ta de konklúzje kommen, dat de lju yn Nederlân online net te folle betelje wolle foar kontent.
Yn april yn de Week van het Luisterboek ha wy in aksje hân mei harkboeken foar heal jild en dat rûn hiel aardich.
Alles oerwaagjend ha wy yn oerlis mei Luisterrijk besletten om de priis fan de downloads struktureel te ferleegjen ta de helte fan it audioboek op cd's.
In harkboek fan 4 cd's kostet € 15, online wurdt dat no € 7,50.
De nije prizen binne no yngien, mar der is even tiid nedich om de websites oan te passen.
Yn de kommende nijsbrief wurdt der mear omtinken oan jûn, Luisterrijk sil it fia syn eigen kanalen bekend meitsje. En no op nei in hegere ferkeap!

Foto Niels WESTRA Artikel yn LC fan 21 juny 2013

Foto Niels Westra, LC
16 juny

Keninklik boek foar de prinseskes
Kening Willem Alexander en Keninginne Maxima makken freed 14 juny in toer troch Fryslân. Yn Ljouwert krigen se trije kear it boek Spiegelspreuk fan Lida Dijkstra oanbean, foar alle prinseskes ien.
Hjir de oankundiging yn de LC fan 12 juny 2013:

Boek voor drie prinsesjes
Het wordt haar eerste officiële klus als kinderburgemeester van Leeuwarden. De tienjarige Eline de Graaf uit groep 7B van de Dr. Algraschool in Leeuwarden mag drie exemplaren van het boek
Spiegelspreuk aan de koning en koningin overhandigen. ,,Voor Amalia, Alexia en Ariane’’, vertelt de scholiere die nog maar drie weken
kinderburgemeester is. Dat zeWillem-Alexander en Máxima in het echt kan zien, vindt ze vooral ,,cool.’’ Bij een kinderkledingzaak in Leeuwarden schafte ze nieuwe kleding aan voor deze gelegenheid. ,,Een
groen colbertje, witte broek en ballerina’s’’, vertelt ze trots. Natuurlijk mag de ambtsketen niet ontbreken. Die speciale kinderketen heeft ze nog nooit gedragen. Haar klasgenoten vinden het ,,vet gaaf'' dat iemand
uit hun groep zo’n belangrijke rol mag vervullen. Van zenuwen is bij Eline nog geen sprake. ,,Maar straks vast wel.’’
Spiegelspreuk is een uitgave van de Leeuwarder Historische Vereniging Aed Levwerd, geschreven door Lida Dijkstra. Het verhaal speelt in het
achttiende-eeuwse Leeuwarden en heeft de van huis weggelopen Willem, prins van Oranje, als hoofdpersoon.

Audiofrysk bringt de audioferzje fan it Fryske orizjineel Spegelspreuk.

Spegelspreuk Lida Dijkstra
10 juny

Moanne fan it spannende boek Maand van het spannende boek

Keapje foar minstens 12,50 by Luisterrijk oan spannende boeken en jo krije

Loes den Hollander Nooit alleen der fergees by!

 

Nooit alleen
14 maaie

Trije nije harkboeken online by Luisterrijk:

Grimm De moaiste mearkes Treastfugel Hylke Speerstra


 

See, see de wide see Seminar 2013

14 maaie

Boekebon

is no ek yn te leverjen by Luisterrijk
Jo kinne jo boekebon no ek brûke om in audioboek del te laden by Luisterrijk. Keapje it boek en folje gewoan de koade fan de boekenbon yn. Sa wurdt it bedrach ferrekkene.

Boekenbon
14 maaie

De treastfûgel is klear

It nijste harkboek fan Hylke Speerstra is yn kalk en semint. De auteur lêst it prachtich foar, dat jo kinne mear as seis oere yn syn selskip ferkeare as jo it oantuge.

It is op cd te bestellen by Audiofrysk of yn de boekwinkel, en as download by Luisterrijk of ien fan de oansletten harkboekewinkels.

Hylke Speerstra lÍst De treastfŻgel rige
10 maaie

Moaie resinsje foar Spoaren!

Nei Sigrid Kingma har loovjende wurden fan oktober, hat no ek de Ljouwerter Krante in resinsje fan Spoaren!, it sechsde diel yn de Traveliers rige, opnommen.

Maria DelGrosso skriuwt û.o.:
It is boek seis yn in rige dêr’t trije Fryske skriuwers yn tige lêsber Frysk in flot ferhaal delsette.
Op side 95 stiet treflik omskreaun wêr’t alle boeken om draaie: ,,As jimme mei de Traveliers op fakânsje geane, belibje jimme de gekste dingen.’’

Dêrtroch komme se wer yn in benaud aventoer telâne, dat troch yngripen fan hege Finske funktionarissen goed ôfrint.
No ja, hielendal goed no ek wer net. Doutsje har mem rekket ferwûne oan it skouder en Hidde rint in stikken ankel op by in wedstriid snowboarden. Mar de famylje nimt it sportyf op: ,,Hidde, jonkje! Wiest wer begearich? Moast wer sa nedich twa dingen tagelyk ha?’’

De hiele resinsje stiet op de site fan de Traveliers .

 

It harkboek fan Spoaren fan Anny de Jong yn de Traveliers rige
15 april

Harkboek DE MOAISTE MEARKES FAN GRIMM is klear!

Anne Tjerk Popkema hat it mearke De wolf en de sân geitsjes nochris op 'en nij ynlêzen om 't de stim de earste kear krekt te folle op dy fan de Wolf like.

No is de útjefte klear en wurdt er op de website en yn de winkels oanbean. Ynkoarten giet it harkboek ek nei Luisterrijk om as download beskikber te kommen.

De hiele moanne april binne twa mearkes fergees beskikber fia de downloadside fan Audiofrysk.

Dit is yn it ramt fan it Jier fan it foarlêzen.

DE MOAISTE MEARKES FAN GRIMM
27 maart

It Sympoasium See, see, do wide see yn Harns wie in moai sukses. Sa'n 70 beteljende gasten hearden in nijsgjirrige ynlieding fan Meindert Schroor oer Fryslân en de see, in relaasje dy't problematysk is...

En dêrnei folgen trije lêzings:

Nanne Kalma oer de see yn lietteksten, Tryntsje van der Steege oer de rol fan de see yn it proaza en Bert Looper oer de see yn de poëzij. De muzyk fan Nanne en Ankie, en fan Hein Jaap Hilarides makke de middei ôf.

Audiofrysk hat opnamen makke en bringt in harkboek mei de lêzingen op de merk. Ynkoarten mear.

See, see, do wide see

 

20 maart

Jier fan it foarlêzen

It Frysk Berneboek besteget dit jier ekstra omtinken oan it foarlêzen. Yn maart en april steane dêrom de mearkes fan Grimm sintraal. Twa fan dy lytse ferhalen binne fergees beskikber fia Audiofrysk.

Sjoch hjir foar de mearkes.

DE MOAISTE MEARKES FAN GRIMM
15 maart 2013

Boekenweek 2013 - Boekewike 2013

Yn Fryslân ha wy dit jier gjin boekewike, mar Audiofrysk slút graach oan by de Nederlânske Boekenweek. It tema 'Gouden tijden, zwarte bladzijden' is fan alle tiden, mar benammen rjochte op de skiednis.
Wy slute dêr by oan troch yn de perioade 14-24 maart 2013 in skiedkundich ynspirearre wurk út ús fûns fergees te jaan by de oankeap fan in harkboek fia de website www.audiofrysk.nl.
Jo ha de kar út: De swannen fan Hoxwier, De ûnmooglike reis fan de Santa Maria, De kwestje fan Quad (alle trije berneboeken) of De fûke, It Heksershol, of Fan Duveldrek nei Hoarnestreek.

 
21 feb 2013

Husky's fan de Huskyfarm út Drachten suksesryk yn Dútslân

Belibje in slidetocht mei en harkje nei De Traveliers Spoaren!

 

Lês it hiele artikel yn de Ljouwerter Krante fan 20 febrewaris
14 feb 2013

Jûn stiet Audiofrysk op it

Dat Wie Doe Sa sympoasium

'Mei leafde foar de soarch'

 

Harkboeken kinne in grutte rol spylje om de wrâld mei oare eagen te besjen.

Dat wie doe sa, sympoasium oer de soarch
23 jan 2013

Nasjonale Foarlêsdagen

Fan 23 jan newaris oant 2 febrewaris binne de Nationale Voorleesdagen. Ideale gelegenheid om ris in audioboek del te laden. Sa wurde bern en grutte minsken foarlêzen troch de skriuwer sels, of in moaie foarlêze. Nim bygelyks Alice yn Wûnderlân, fan Lewis Carroll, dat moai ynlêzen is troch Tryntsje van der Veer. It âlde ferhaal fan it famke Alice, dat troch in kninehoal yn in hiele oare wrâld telâne komt, sprekt noch altyd ta de ferbylding.

Nationale Voorleesdagen
8 jan 2013

Mearkes fan Grimm by Audiofrysk

Yn maaie komt it earste harkboek fan Audiofrysk mei mearkes op de merk. Anne Popkema sil in seleksje út syn grutte bondeling fan mearkes fan de bruorren Grimm ynlêze. Fanwege de doelgroep: jongere bern, dy't hiel graach nei mearkes harkje, wurde se hjir en dêr licht bewurke. Sa hoopje wy der in moai harkboek fan 2 cd's fan te meitsjen.

Alder nijs 2007 2007/8 2008/9 2009 2010/11 2012