Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Mjitte - Koos Tiemersma
(FP - 2004)

Keapje de download foar 17 euro by Luisterrijk (Fan oktober f)

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 20 euro.

Harkje nei tsien minuten út De Mjitte.

 

Keapje dit boek: Online € 10

8 cd's € 20

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

 

Dit boek is as e-book foar 4,95 del te laden op de site fan de skriuwer sels. It hat in nije namme krigen: Ien is in swalker. Mear ynformaasje.

Mette krijt mei har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn de kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkohoalyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden en dragen. Of hat se in oare bedoeling?

Ien ding is wis: yn dizze roman binne de dingen net altyd wat se op it earste gesicht lykje te wêzen. Dit is in roman mei djipgong en tagelyk mei in humoristyske knypeach. In boek om net te missen!

Koos Tiemersma debutearre yn 2002 mei 'De ljedder'. Dat literêre debút waard daliks in grut sukses. Yn 2003 krige de skriuwer de earste Rink van der Veldepriis foar syn boek.


Oer De mjitte:
Tiemersma syn earste boek is oer it algemien tige posityf ûntfongen. Hy wûn dêrmei ek noch de Rink van der Velde-priis.
It koe dus net op. Nei sa’n himmelhochjauchzend wolkom is de toansetting fan de resinsinten by it twadde boek faak wat suniger. De ferrassing is derôf, men wit wat men – miskien – ferwachtsje kin en it is de fraach oft de skriuwer dy ‘belofte’ wiermeitsje sil. Is dat Koos Tiemersma slagge?
Sels rôp ik destiids ek wakker jûchhei. Neffens de flaptekst fan 'De ljedder' is dat boek skreaun ‘yn in folslein eigen styl, fol poëtyske bylden, djipsinnich en humoristysk tagelyk.’
Dêrmei wie gjin wurd tefolle sein, fûn ik doe.

En noch. En wer.

Sjoerd Bottema yn De Moanne fan maart 2005.

‘De mjitte’ is gewoan in prima roman.
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

In reaksjes op 'De ljedder':

Tsjerk Veenstra yn it Friesch Dagblad: 'Fryslân hat der in echte skriuwer by.'

Resinsje fan Einum, de earste roman fan Tiemersma, dy't allinne as e-book ferskynd is. Lês wat Doeke Sijens skriuwt yn de LC fan 22 novimber 2013.

De mjitte, foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma
De Mjitte wurdt foarlêzen troch Koos Tiemersma en Tryntsje Finnema, de frou fan de skriuwer.

Bestelnûmer AF-F1

ISBN 978-94-6038-001-3

Ynformaasje oer Koos Tiemersma by Tresoar.

Sjoch ek op syn hússide: www.froonakker.nl.

 

 

Home