Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De diggels fan Che - Greet Andringa Downloade by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

 

Keapje dit boek:
Online as download € 6,75

3 cd's € 13,50

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

'De diggels fan Che' is it debút fan Greet Andringa. Har sfearfol proaza, fol subtile observaasjes fan minsken en situaasjes sil in soad harkers yn 'e besnijing krije.

De digggels fan Che, ferhalen. YnlÍzen troch de skriuwer.

Ferhalebondel - twa sitaten
Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde.

'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe der net yn hingjen, hy glidet oeral tuskentroch, sûnder dat it spoaren op him achterlit. Hoe drok it ek is, om him hinne is romte. Nimmen rint by fersin by him op.

De skriuwster
Greet Andringa (1971) skriuwt bysûndere koarte ferhalen. Se fertelt oer jonge minsken libjend op de grins fan 'e folwoeksenheid. Har haadpersoanen binne op 'e siik nei in eigen plak yn it libben en ûntdekke - soms hast ûnbewust - harren seksualiteit. Guon ferhalen spylje yn de medyske wrâld en binne basearre op de ûnderfinings dy't Greet Andringa yn har wurk opdien hat, as ko-assistint en dokter yn de drugshelpferliening.

Cd 1:
1. De diggels fan Che
2. Nachtbesite
3. De earste kear
4. Ûnbekende soldaat
5. Narcissus
6. De filatelist

Cd 2:
7. Ridder Hilbrand
8. Heity
9. Brief oan Ale
10. Út balâns
11. Skobben

Cd 3:
12. Spul
13. Op de drompel
14. Trije hûndert meter
 

Ynlêzen troch de skriuwer Greet Andringa.

It boek is yn 2003 útkommen by de FP Boekerij.

Bestelnûmer AF-F21

ISBN 978-94-6038-042-6

Ynformaasje oer Greet Andringa by Tresoar.


 

Home