Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Feroaring fan lucht
Rink van der Velde

Del te laden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

 

Keapje dit boek:
Online € 8,25

5 cd's € 16,50

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

De aventueren fan Durk Snoad en syn singeliere húshâlding

Wat hat derfoar soarge dat Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde sa'n sukses wurden is? Yn de folksmûle hjit dit boek trouwens gewoan 'Durk Snoad', nei de bynamme fan de haadpersoan Durk Lugtigheid. De wurkleaze wâldpyk mei syn grutte kloft bern wurdt achter de fodden sitten troch in wat al te iverige amtner fan de sosjale tsjinst. Hy moat syn ûnbewenber ferklearre húske oan de Sânleane by it Alddjip ferlitte en komt as arbeider fan Philips yn Drachten telâne. Dêr is er al hielendal net op syn plak...

It ferhaal fan Durk Snoad, foarlęzen troch Douwe Kootstra

Flaptekst

Feroaring fan lucht is mei syn 32.000 ferkochte eksimplaren oan no ta it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Dat komt net allinne troch de humor, mar fral ek troch de haadpersoan Durk Snoad, in echte wâldpyk en natuerman fan in slach dat tsjintwurdich hurd seldsum wurdt. En sa by de noas lâns jout Rink van der Velde in ynkringend byld fan de feroarings yn it doarpke Drachten dat yn de sechtiger jierren útgroeide ta in echte 'boom town'.

 

It boek wurdt foarlêzen troch in rasferteller: Douwe Kootstra, dy't rûnom yn de provinsje in soad sukses hat mei syn optredens as ferteller fan folks- en oare ferhalen.

Foarlêzen troch Douwe Kootstra. Ynformaasje oer Kootstra by Tresoar.

It boek is yn 1971 foar it earst útkommen. Dizze troch de skriuwer sels bewurke ferzje is fan 1990.

Dit boek is ek beskikber fia de site fan Sirkwy. Jo kinne dêr de hiele tekst lêze.

Bestelnûmer AF-K1

ISBN 978-94-6038-021-1

Ynformaasje oer Rink van der Velde by Tresoar.