Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

It Ferset - Harmen Wind

Del te laden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

 

Keapje dit boek:
Online € 12

10 cd's € 24

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers. De parse wie oer it algemien tige posityf.
'Deze autobiografische roman heeft een innerlijke noodzakelijkheid. Dit verhaal moest verteld worden. Het vraagt om lezing en herlezing.'
(Hilbrand Rozema - Nederlands Dagblad)

It autobiografyske relaas fan in heit-soanrelaasje

Flaptekst

Yn 2003 wûn dit boek de Debutantenprijs voor literair proza. (Stichting Perspectief, Dordrecht.) Foarsitter Elsbeth Etty (NRC) yn it sjueryrapport: 'Harmen Wind heeft een tijd- en leeftijdloze roman geschreven. Het Verzet was voor ons een openbaring, een ontdekking.'

'Misverstand, onbegrip: het leven van de mens. Het verzet is een mooie, bijna stille roman, vakkundig gemaakt, een winterboek.'
(Frank van Dijl - Algemeen Dagblad)
'Het verzet is in tragysk, mar tagelyk in ynkringend ferhaal oer in heit en in soan dy't elkoar net berikke kinne. (...) psychologysk sjoen in sterk ferhaal (...). In roman mei djipgong.'
(Sita Palma - De Moanne)

Harmen Wind sei yn in ynterview dat er it boek beskôge as 'in Fryske roman yn it Nederlânsk'. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Hy begûn mei de oersetting fuort nei de ferskining. It is lykwols mear wurden as in oersetting: dêr't him dat needsaaklik of gaadlik talike, hat de auteur útwreidings en (lytse) feroarings oanbrocht. Mei dizze útjefte yn de memmetaal is it ferhaal feitlik teplak.
En krekt it foarlêzen troch de skriuwer sels jout it harkboek in ekstra diminsje.

 

It boek is yn 2002 foar it earst útkommen as Het Verzet, yn it Nederlânsk. Dat boek wûn yn 2003 de Debutantentprijs voor literair proza (Stichting Perspectief, Dordrecht).
Dêrnei hat de skriuwer it sels oersetten yn it Frysk en ferskynde it by de AFUK. (2004)

Bestelnûmer AF-F9

ISBN 978-94-6038-025-9

Ynformaasje oer Harmen Wind by Tresoar.