De Fûke -
Rink van der Velde |
|||
Harkje nei ien fragmint.
|
Keapje dit boek: |
Online € 6,75 | |
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
Flaptekst De Fûke Guon boeken hearre ta de kearn fan de literatuer. De Fûke fan Rink van der Velde (1932-2001) is sa’n boek. It ferhaal oer de ynbannige fiskerman dy’t troch de Dútsers oppakt wurdt en ûnder it ferhoar hieltyd fierder yn de ‘fûke’ bedarret, boeit de lêzers no al hast fjirtich jier. Mei rjocht en reden! It boek lei Rink van der Velde tige nei oan it hert. De roman ferskynde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Oekraynsk. Jan Willem van de Wetering oer The trap, de Amerikaanske oersetting: ‘Der is nei alle gedachten gjin boek dat better de Twadde Wrâldkriich opropt as ‘De fûke’. It is noris gjin heldeferhaal, mar it ferhaal fan in man dy’t alles yn syn libben ferlern hat.’ Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk: ‘De wrakseling fan de fiskerman om in kromke frijheid ropt yn ’e fierte by jin de gedachte op oan “The old man and the sea” fan Ernest Hemingway. Mar dan sûnder in spoar fan de patetyk, dy’t Hemingway by alle soberens sa eigen wie. Van der Velde syn fiskerman is in ynbannige Fries, in held sûnder hoop en gloarje.’
|
|||
Foarlêzen troch Sjoerd van Beem. It boek is yn 1966 foar it earst útkommen by Laverman yn Drachten. Dizze ferzje is yn 2005 ferskynd by de Friese Pers Boekerij. Dit boek is ek beskikber fia de site fan Sirkwy. Jo kinne dêr de hiele tekst lêze. |
ISBN 978-94-6038-044-0 |
||
Ynformaasje oer Rink van der Velde by Tresoar. |