Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

It is foar de hearen - Anny de Jong Ynkoarten as download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei in fragmint

As download € 6

3 cd's € 12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

It is foar de hearen

Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea!
Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte.

Flaptekst

‘Harm, wolsto de mannen har beurs ôfnimme?’
Harm rint nei de keaplju ta en stekt de hân út. Ien fan de mannen sjocht Harm skerp oan.
‘Wachtsje ris, bisto net dy feint yn dy herberge fan Boalsert? Wis, do bist it. Dat mist my net. Wat foar gemien spultsje spilesto, maat?’
Lilk pakt er Harm yn syn wammes. ‘Do smoarge ferrieder, do...’
‘Loslitte!’ De stim fan Tsjerk Walta bolderet troch de seal. ‘De sinten en fluch in bytsje.’

Stadich helje de mannen de beurs ûnder de jas wei. Wegerje hat gjin sin, mar it is dúdlik dat se it mei grutte tsjinsin dogge. De beide mannen sjogge ferachtlik nei Harm, wylst er de beurzen oankriget. Harm leget it jild mei in reade holle op de tafel. It wurd ferrieder sangeret him troch de holle. Hy is in ferrieder. In ferrieder?

 

 

Yn de fyftjinde ieu gong it der wreed om en ta.
Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B16

ISBN 978-94-6038-097-6

Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.

 

Home