Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Ik bedoel mar - Froon Akker / Koos Tiemersma
(E-boek 2016)

Keapje de download foar 17 euro by Luisterrijk (Fan oktober ôf)

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 20 euro.

Harkje nei it begjin fan it titelferhaal..

 

Keapje dit boek: Online € 9

6 cd's €18

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Ik bedoel mar!

ferhalen

Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop.

It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.

De ferhalen litte sjen hoe't it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby't it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa't it yn it 'echte' libben ek gean kin.
 

Koos Tiemersma debutearre yn 2002 mei 'De ljedder'. Dat literêre debút waard daliks in grut sukses. Yn 2003 krige de skriuwer de earste Rink van der Veldepriis foar syn boek. Yn 2015 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum (2012).

Sjuery Gysbert Japicxpriis 2015: 'Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hojoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstik sjogge wy it doarpke út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei't de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde. De skriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûnder fernijende fertelstyl. Mei humor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderne Fryslân.'

 

Ik bedoel mar, foarlêzen troch Geartsje de Vries
Ik bedoel mar wurdt foarlêzen troch Geartsje de Vries.

Bestelnûmer AF-F32 ISBN 978-94-6038-128-7

 

Ynformaasje oer Koos Tiemersma by Tresoar.

Sjoch ek op syn hússide: www.froonakker.nl.

 

 

Home