Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

In aap klimt út 'e beam - Koos Tiemersma
(2017)

Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 18 euro.

Harkje nei it begjin fan haadstik 6 Tsjéés.

 

Keapje dit boek: Online €9

6 cd's €18

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

In aap klimt út 'e beam

satire

Bobo de aap is ûntsnapt út 'e dieretún om him nei wenjen te setten yn 'e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn de fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy't him yntrodusearret by in nije, populistise beweging. Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma's, rjochtet er út 'e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht op, komt er yn 'e kunde mei Spûky, de meast ûnsjogge hûn fan it lân, beswykt er foar de ferliedingen fan 'e leafde, om it mei alderhanne dubieuze útspraken úteinlik te skoppen ta listlûker fan de Nije Partij.

In aap klimt út 'e beam is in mei faasje en humor skreaune satire en foarmet in bitend kommentaar op in maatskippij dêr't ûnfrede foar master opslacht en de waan fan de dei regeart.

Inkele resinsjes:
De Moanne: 'Om echte satire meist dan laitsje kinne, mar hellest dyn siel der ek oan iepen. De humor fan de satirikus byt en struit sâlt yn wûnen. Troch gebrûk te meitsjen fan absurdisme en humor docht Tiemersma dat ek.'

Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Ûnder wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.  

Sjuery Gysbert Japicxpriis 2015: 'Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hojoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstik sjogge wy it doarpke út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei't de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde. De skriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûnder fernijende fertelstyl. Mei humor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderne Fryslân.'

 

In aap klimt út 'e beam, foarlêzen troch Geartsje de Vries
In aap kluimt út 'e beam wurdt foarlêzen troch Geartsje de Vries.

Bestelnûmer AF-F31 ISBN 978-94-6038-126-3

 

Ynformaasje oer Koos Tiemersma by Tresoar.

Sjoch ek op syn hússide: www.froonakker.nl.

 

 

Home