Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Kâlde Krústocht - Hylke Speerstra Boek fan de Moanne

Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei it fragmint út ferhaal 3: De leafde fan Woltsje Wybranda

 

Keapje dit boek: Online € 9

Jabik en Dieuwertje €5

6 cd's € 18

 

Of laad it fragmint rjochtstreeks del.

De Kâlde Krústocht

Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Ûnderweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy't op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy't ek op it iis te finen is...

Sport
It is mear as in sportboek, it is in sosjaal dokumint fol hoop en wanhoop yn de krisisjierren, ferrie yn de oarloch, en fan leafde troch alle tiden hinne. En yn elk ferhaal lizze drama en humor perfekt by elkoar yn de slach.

Iisferhalen
Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken as Neaken en bleat foar de dokter en De oerpolder.
Der ferskynden earder iisferhalen fan him yn de bondel Op redens oer. (Ek as harkboek by Audiofrysk.)
Hy hat ferskate kearen meidien oan de Alvestêdetocht.

Ferhalen:
1. De triennen fan Eagmaryp
2. Boer en lânhearre
3. De leafde fan Woltsje Wybranda
4. It ferried
5. Let berou
6. De Alvestêdewidner
7. De koperjildman
8. De krústocht fan Bertus Hartman
9. Klúnhove
10. Jabik en Dieuwertje
11. De tocht fan 2018

Alve ferhalen oer de Alvestędetocht

De Kâlde Krústocht wurdt foarlêzen troch Hylke Speerstra.

Yn novimber wie de Kâlde Krústocht it Boek fan de Moanne.

Sjoch ek it filmke oer Hylke Speerstra dêr. It filmke is makke troch Sanne van der Heide.

 

Bestelnûmer AF-F14

ISBN 978-94-6038-037-2

Ynformaasje oer Hylke Speerstra by Tresoar.

 

 

Home