Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Kûgels foar Kant - Sietse de Vries
Del te laden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

Keapje dit boek:
Online € 9

6 cd's € 18

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Flaptekst Kûgels foar Kant

Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn 'e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant. Stapensea rekket sa fan him ûnder de yndruk dat er, as Benedictus fertocht wurdt fan in moard, oergiet ta sabotaazje fan syn eigen ûndersyk. Ûnderwilens dreamt syn frou Hester fan in nij libben fol aventoer. Har freonskip mei de direkteur fan soarchfersekerder De Frisia lûkt Stapensea, sûnder dat er it yn 'e rekken hat, yn in nij web fan yntriges.

Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Mei syn foarige boeken (De boargemaster, 1998, De dea fan Nico Dekema, 1999, en De spelbepaler, 2000) hat dizze nije Fryske skriuwer in grut lêzerspublyk krigen.

In moderne detektive

Foarlêzen troch Jan Schotanus.

 

Bestelnûmer AF-F19

ISBN 978-94-6038-046-4

Ynformaasje oer Sietse de Vries by Tresoar.

 

Home