Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De rôf fan de Fryske mummy troch Jorrit de Klerk, oersetten troch Martsje de Jong (AFUK 2024)
Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd by Audiofrysk foar 12 euro.

Harkje nei in fragmint.

 

Keapje dit boek:

Online 6 euro

 

1 mp3-cd €10

 

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

De rôf fan de Fryske mummy

"Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe."

De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys!
Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin?
Foar't se it yn de gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin.

De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.

 

Totaal 228 minuten


Útjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Jorrit de Klerk - De rôf fan de Fryske mummy
De rôf fan de Fryske mummy wurdt foarlêzen troch Froukje Sijtsma.

Bestelnûmer AF-B24 ISBN 978-94-6038-171-3

 

 

 

 

Home