Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

It Portret - Wilco Berga
(AFUK
2002)

Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei dit fragmint, it begjin fan haadstik 11.

Keapje dit boek: Online € 7,50

4 cd's € 15

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

In skilder siket in oare omjouwing om te wurkjen, it leafst sa ticht mooglik by see. Yn it havenstedsje fynt er lykwols mear as allinne wurkromte en nije ynspraasje, en giet ta op in domdryste leafdesrelaasje.

 

In frou wurdt dea fûn op it Waad, ticht by de seedyk. Eefkes letter stiet de skilder yn it mortuarium om har te identifisearjen: Wêrom yn godsnamme? Nee, no net tinke, mar de eagen de kost jaan. Hy soe har oanreitsje wolle, waarm wriuwe. Wa sei him dat se net skyndea wie? Se hie de eagen dan wol ticht, mar striele krêft út, en grutskens. Sels no't se der as in fersûpte kat by lei op har wytplestik bêd, as wie it in feestje - jawis wie 't feest! - inkeld wat út 'e hân rûn. Just hjir, yn dizze kâlde, fijannige romte, wie har gesicht fan in grutte skientme.

Wilco Berga (Snits, 1947) is byldzjend keunstner en skriuwer fan poëzij, proaza, toaniel en lietteksten. Earder ferskynden fan him de roman It krantefamke (1999) en de dichtbondel Eilânliet/Eilandlied (2000).
Resinter wurk: De dichtbondel De fjilden foarby/Voorbij de velden (2006) en de romans Eilândochters (2004) en It smoarge bestean (2008).

 

It Portret - Wilco Berga
It Portret wurdt foarlêzen troch Douwe de Bildt.

Bestelnûmer AF-F8

ISBN 978-94-6038-022-8

Ynformaasje oer Wilco Berga by Tresoar.

 

Audiofrysk Home