Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Op redens oer - Hylke Speerstra

Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei it fragmint út ferhaal 12:
Trije oan 'e stok

Keapje dit boek: Online € 10

8 cd's €20

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Harren ferhalen binne optekene troch rasferteller Hylke Speerstra, dy't yn dizze bondel sa'n sfear opropt dat men it iis knappen heart en de froast yn de noastergatten fielt.

 

Hylke Speerstra (1936) hat yn syn ferneamde ferhaleboeken it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein. Nei oanlieding fan syn santichste jierdei is yn 2006 in begjin makke mei it opnij útbringen fan dizze boeken, no by útjouwerij Bornmeer.

De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene wrâldferneamd yn eigen gea. Nammen dy't trochlibje. Manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byinoar riden. Ja, it gie net allinne om de eare; yn earme tiden giet soms noch mear om it jild.
Sa foarmje har ferhalen ek in ôfspegeling fan de skerpe sosjale ferskillen en de bikkelhurde striid om it bestean yn de earste helte fan de 20ste ieu. Hjir binne froulju en manlju oan it wurd dy't witte fan bûgen en barsten, fan trochsetten en - somtiden - ek wolris in rare misslach. Op fersyk fan guon fertellers haw ik yn de earste en twadde printinge de nammen fan de fertellers net neamd. Nei oerlis mei de neibesteanden doch ik dat no wol. Mei eare en tagedienens. Want sy binne net allinne myn helden, se binne in foarbyld foar alle Friezen, ek foar de iisprofessionals fan hjoed...

Sterke karakters, en hoe sterk wiene se ek fan liif en lea. De 15 ynterviewden fan 1982 soene trochelkoar rom 88 jier wurde!
Hylke Speerstra

Prachtige iisferhalen, foarlęzen troch de skriuwer sels.
Op redens oer wurdt foarlêzen troch Hylke Speerstra.

Bestelnûmer AF-K3

ISBN 978-94-6038-024-2

Ynformaasje oer Hylke Speerstra by Tresoar.

 

Audiofrysk Home