Salsafamke - Hanneke de Jong | ||
Harkje nei
ien fragmint. |
||
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | ||
Salsafamke
De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao om't har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat. Ynhâld De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao om't har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat. Earder skreau Hanneke de Jong 'De lêste brief' en 'Sterke skouders', beide oerset nei it Nederlânsk. De lêste brief waard bewurke ta in multymediastik mei toaniel, filmkes en livemuzyk. De Volkskrant skreau oer 'De laatste brief': 'Wat een schitterend, humorvol en troostrijk boek.' Yn 2010 krige Hanneke de Jong de Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke. Yn it rapport skriuwt de sjuery: De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao omdat har broer dêr staazje rint. Se komt yn ’e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat. As se werom is yn Nederlân fernimt se dat se yn ferwachting is. Omdat se neat oan har mem hat, giet se nei har beppe ta en freget om rie: moat ik abortus dwaan litte of net? |
||
Dit boek wurdt foarlêzen troch Antsje van der Zee. |
ISBN 978-94-6038-036-5 |
|
Ynformaasje oer Hanneke de Jong by Sirkwy.
|