Oer Fryske literatuer 2000-2010, live út de Gysbert Japicx seal by Tresoar |
|||
Harkje nei it fragmint út
|
Keapje dit boek: | Download € 7,50 | |
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
A. De tromp fan Driessen - Hylke Tromp oer de poëzij (30 nov. 2010) Nei in yntroduksje fan himsels as aktor yn it Fryske literêre fjild en in algemiene evaluaasje fan it dichterskip, jout Tromp in frij wiidweidich oersjoch fan wat der de lêste tsien jier ferskynd is. Dêrby giet it om in persoanlik ferhaal oer de aard fan en de poadia foar de dichtkeunst yn ús provinsje. B. It ferlies foarby - Bouke Oldenhof oer it toaniel (11 jan. 2011) Nei in algemiene ynlieding oer toaniel mei de rol fan poadia, selskippen en skriuwers, giet Oldenhof yn op de Fryske situaasje yn de 21ste ieu. C. Spegelskrift - Alpita de Jong oer (it lêzen fan) de roman (25 jan. 2011) D. It libben sels - Doeke Sijens oer it biografyske yn de literatuer yn Fryslân (8 feb. 2011) De lêzings binne mei publyk opnommen yn de Gysbert Japicx seal fan Tresoar. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, yn gearwurking mei Tresoar, de BSF en taalburo Popkema. Stipe waard jûn troch provinsje Fryslân, Je Maintiendrai, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Douwe Kalma stifting en it FLMD-fûns. |
|||
De teksten binne no te lêzen op www.sirkwy.nl. |
ISBN 978-94-6038-054-9 |
||
|