Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Sûnder garânsje
Froukje Annema

Del te laden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

Keapje dit boek:
Online € 8,25

5 cd's € 16,50

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

In sitaat

... Kwea-aardich. In kwea-aardige tumor. Wat hold dat yn? Wat hie sa'n ding mei har lichem? Hoefier siet it fierder al troch har lichem? En wat woene se mei har lymfeklieren? Wêr sieten dy dingen eins? Dat se dat net iens wist. 'Se wiene mis, Hilda, finaal mis,' dat sei Freark. 'Dyn kânsen binne goed,' dat sei er ek. Hoe goed? Wat moast in minske mei kânsen as it om syn libben gong! In minske woe wissens, garânsje...

In fragmint út dizze tredde roman fan Froukje Annema, 'Sûnder garânsje'. It is it ferhaal fan de frou dy't samar fan in sûn minske in kankerpasjinte wurdt. Op yngeande wize is yn dizze roman beskreaun wat oer de haadpersoan Hilda en har neisten hinne komt en wat it betsjut fierder libje te moatten 'sûnder garânsje'.
Froukje Annema (1941-1998) hat grutte bekendheid krigen mei fiif ferhalebondels en de romans 'Twasprong' en 'Maleur yn maaie'.
Troch har flotte ferteltrant, skerp observearjen fan minsken en sitewaasjes, sprekt de skriuwster in grut tal lêzers oan. Dat sil grif ek it gefal wêze mei 'Sûnder garânsje'.

De roman oer it oerwinnen fan boarstkanker, foarlźzen troch Grytsje Reitsma-Snoek

 

Dit boek is ek beskikber fia de site fan Sirkwy. Jo kinne dêr de hiele tekst lêze, wylst it dêr ek as POD-útjefte besteld wurde kin by Elikser.

Foarlêzen troch Grytsje Reitsma-Snoek.

 

Bestelnûmer AF-K5

ISBN 978-94-6038-033-4

Ynformaasje oer Froukje Annema by Tresoar.

Audiofrysk Home