Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Tin iis - Tiny Mulder

 

Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei it fragmint út haadstik 17

Keapje dit boek: Download €10

8 cd's €20
1 mp3-cd €12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Tin iis
Ferhalen oer de Dútske besetting (1940-1945) bliuwe almeast by anekdoates. Dêr is lykwols noch de helte net mei sein. Wichtiger is hoe't minsken har hâlde en drage ûnder druk, hoe't se reagearje as der in berop dien wurdt op har geastkrêft en hoe't se it ferwurkje as se komme te stean foar de gefolgen as se 'ja' sein hawwe op dat berop.

Yn dit boek besiket de puber Klaske Jagersma, in helder famke mei kritysk each, te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in joadsk ûnderdûkerke, folge troch it mear en mear behelle wurden yn fersetsaktiviteiten, hân hat op harsels en de oare Jagersma's. Se beskriuwt ek it gedrach fan oare minsken yn en bûten it ferset yn de bûtenwenstige omstannichheden. Se sparret har krityk net, as se dêr oanlieding ta sjocht. Sels fernimt se, hoe hurdhandich se folwoeksen wurdt troch de oarloch.
De Befrijing pakt de Jagersma's nochris hurd oan.

De persoanen yn dit boek steane model foar ferskeidene Friezen tusken hjerst 1942 en simmer 1945.

In ferhaal foar jong en āld oer Fryske minsken dy't har libben ynsetten foar meiminsken.

Tin iis wurdt foarlêzen troch Geartsje de Vries.

Formaat 8 audio-cd's of 1 MP3-cd.

Bestelnûmer AF-K10

CD's: ISBN 978-94-6038-088-4

MP3-cd: ISBN 978-94-6038-089-1

Dit harkboek is produsearre mei stipe fan de Provinsje Fryslân.

 

 

Sjoch ek it artikel oer Tiny Mulder by har 100ste bertedei.

Audiofrysk Home