Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Traveliers - Fûgelfrij yn de Canyon - Jan Schotanus

Down te loaden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei ien fragmint.

Download € 5,50

2 cd's € 11

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Yn de rige De Traveliers is al wer it fjirde diel ferskynd. Yn Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus reizget de famylje Traveliers nei Amearika ta,want heit Marten moat yn Arizona fergaderje, net fier fan de Grand Canyon ôf. In pracht kâns foar Hidde en Jelle.

Flaptekst:

Fûgelfrij yn de Canyon:
Der klinkt in lûde knal.
'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!'
'Nee, stil!'
In doar slacht ticht.
Hidde en Jelle meitsja har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer.
'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?'
Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp.

De searje De Traveliers:
Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Anny de Jong en Auck Peanstra.

It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra,
Yslik aktyf- Anny de Jong,
en In flitsend hûntsje - Anny de Jong,
binne al ferskynd by de afûk en as harkboek by Audiorfysk.
It fyfde diel Kantsjeboard op Kurasao is begjin 2012 ferskynd.

Sjoch de resinsje fan Jant van der Weg yn it FD en dy fan Maria Delgrosso yn de LC by Yn de media.

 

 

Fūgels of helikopters yn de Canyon.

Dino's yn de Grand Canyon?

Miskien is de Grand Canyon wol folle âlder as dat se altyd tocht ha. Op de buorden stiet dat er goed 5 miljoen jier lyn ûntstien is, yn de rin fan in frij koarte tiid. Mar no is der twifel.

Stien fan de boaiem is op 'en nij ûndersocht, en no tinke de geologen, dat er miskien wol 70 miljoen jier lyn al yn de ierde útsliten is. As dat wier is, kinne wy ús foarstelle, dat dinosauriers troch de canyon skarrelen, by de rivier lâns. Sjogge jimme it foar jim? Se passe perfekt yn de grandeur fan it 300 kilometer lange natoermonumint.

 

 

Der is in eigen website foar De Traveliers.

Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B12

ISBN 978-94-6038-052-5

Ynformaasje oer Jan Schotanus by Tresoar.

 

Audiofrysk Home