Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Traveliers - In flitsend hûntsje - Anny de Jong

Down te loaden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei ien fragmint.

Download € 6

3 cd's € 12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Yn de rige De Traveliers is it tredde diel ferskynd. Yn In flitsend hûntsje fan Anny de Jong reizget de famylje Traveliers nei Skotlân om nei de famylje ta. Sheepdogs en sheepdogtrials meitsje der in aventoerlike en ynspannende reis fan. En wat hat dy âlde freon fan heit Marten der mei út te stean?

Flaptekst:

In flitsend hûntsje
It duorret in ivichheid foar 't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: 'Sweep is fuort.'
Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt.
'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy der noch?' Hugh skodhollet.
Dan is er dus net mei Swan oan it gekjeien. Wy geane it fjild oer om te sykjen. Miskien leit er wol ergens oars.'
Hugh sjocht syn mem bang oan. 'Dat leaut mem sels net. Sweep giet noait, noait by de auto wei!'

Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Auck Peanstra en Jan Schotanus.

It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra,
Yslik aktyf- Anny de Jong
Fûgelfrij yn de Canyon - Jan Schotanus en
Kantsjeboard op Kurasao - Auck Peanstra
binne ek ferskynd by de afûk en as harkboek by Audiorfysk.
It sechsde diel is op kommendewei.

Sjoch de resinsje fan In flitsend hûntsje by Yn de media.

Wat is der mei Sweep, de bordercollie?

Op 9 juny 2010 is de searje De Traveliers bekroand mei de Bongelboekepriis 2010 fan de NHL te Ljouwert.

De Traveliers ha in eigen website.
Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B10

ISBN 978-94-6038-045-7

Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.

 

Audiofrysk Home