Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Nacht - Elie Wiesel
Oersetting Jac. Knol

Downloade by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.
Keapje dit boek:
Online € 7,50

4 cd's € 15

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Yn De Nacht fertelt Elie Wiesel op ynkringende wize oer syn libben yn de kampen en syn oerlibjen fan de holocaust. Hysels skreau oer dit boek û.o.: Dit is in ferhaal dat om dúdlike redenen djip libbet yn alles wat ik skreaun ha en noch skriuwe sil...

De Nacht, it autobiografyske ferhaal fan de winner fan de nobelpriis foar de frede.

Elie Wiesel waard berne yn it stedsje Sighet (Transsylvanië) yn 1928. Mei syn famylje waard er deportearre nei Auschwitz doe't er noch mar in jonge wie, en dêrnei nei Buchenwald, dêr't syn heit en mem en suske stoaren. Yn syn earste boek, La Nuit (De Nacht), docht er dêr ferslach fan. Nei de oarloch gong er nei Parys. Hy makke him de Frânske taal eigen en naam de Frânske nasjonaliteit oan. As sjoernalist reizge er nei Israël en de Feriene Steaten. Dêr waard er heechlearaar yn de minskwittenskippen oan de universiteit fan Boston.
Elie Wiesel krige ynternasjonale bekendheid, net allinne troch La Nuit, mar ek troch al syn oare boeken.
Gâns ûnderskiedingen en literêre prizen waarden Elie Wiesel takend. Yn 1986 krige er de Nobelpriis foar de frede. Syn boeken binne yn gâns talen oerset.
Hy is ferstoarn op 2 july 2016 yn New York.

Ynlêzen troch de oersetter, Jacobus Knol.

It boek is oarspronklik ferskynd yn 1958 ûnder de titel: La Nuit, yn 1995 fertaald yn it Frysk útkommen by de KFFB.

Bestelnûmer AF-K2

ISBN 978-94-6038-031-0

Ynformaasje oer Jacobus Knol by Tresoar.

 

Audiofrysk Home