Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Achte freon, kunde of klant,
Dit is de alderearste nijsbrief fan Audiofrysk.
Doel is om de nijsbrief ien kear yn de moanne ferskine te litten.

Wolle jo abonnee wurde, klik dan hjirre en ferstjoer de mail.
Ofmelde kin altyd wer fia de knop ûnder oan de nijsbrief.

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus


Audiofrysk Nijsbrief

Nijsbrief

juny 2011

Audiofrysk Nijsbrief

kado:

Ien foar de wraak

Moanne fan it spannende boek



De hiele moanne

juny

Kugels foar Kant

De hiele moanne steane misdiedferhalen rûnom yn de spotlights.


Der binne de ôfrûne jierren nochal wat detektives útkommen as harkboek. In pear foarbylden: Kûgels foar Kant fan Sietse de Vries is in spannende misdieroman en sommige ferhalen fan Durk van der Ploeg yn Ûnder de seespegel binne lytse thrillers.


Benammen de ferhalen fan Sjoerd Bottema yn It piipjen fan de proai passe prima yn de moanne fan it spannende boek. De skriuwer hat it sels prachtich ynlêzen.
It piipjen fan de proai
Ien foar de wraak fergees yn juny
Ien fan de earste Fryske detektives is Ien foar de wraak fan Joop Boomsma. Hy gie as skriuwer nei de polysje ta, prate mei resjersjeurs en reizge sels nachts mei de surveillânsewein troch de provinsje.
It smiet in pear fraaie misdiedromans op, dêr't alles yn kloppet en dêr't ek de relaasjes djipper geane as yn de sljochtweihinne whodunnit.
Syn debút, Ien foar de wraak, is yn de moanne juny yn syn hiele hear en fear fergees del te laden by Luisterrijk. Benijd?
Klik hjirre.

 

 

Sjoerd van Beem fan Wommels hat it boek moai ynlêzen. Hy nimt jo mear as trije oeren mei troch it misdiedferhaal fan Joop Boomsma.

Sjoerd van Beem
Mentha en it hynstemystearje

Foar de bern is de komplete Mentha Minnemasearje as harkboek te krijen. Dizze amateurdetektive rekket hieltyd wer belutsen yn mystearjes, dy't se mei help fan Pyt Pander fan de polysje en fansels de bern, dy't by har yn de buert wenje, besiket op te lossen. De rige is skreaun troch in kollektyf fan trije berneboekeskriuwers, dat bestie út Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong en Jan Schotanus.
Mentha Minnema en it klokkemystearje is trouwens al in skoft fergees beskikber, om de bern op 'e smaak te bringen.


 

Mentha en it klokkemystearje fergees
Tryater
Besuniging fan 25% op kultuer falt net te rjochtfeardigjen.
Sjoch ek de brief oan de fêste keamerkommisje foar Underwiis, wolwêzen en kultuer.
 
Mentha en it hynstemystearje 

De Fryske Hobbit as harkboek moai sukses op Tolkien byienkomst.
It blykt dat Tolkienleafhawwers graach har kolleksje folslein hawwe wolle en sa koe Anne Popkema nei syn ferhaal oer de Fryske oersetting fan it ferhaal fan Bilbo Balsma syn audioboek daliks mar ferkeapje.
Ek ynternasjonaal is der belangstelling foar, sa is it al nei Ingelân eksportearre.
Ek foar net-Tolkienfanaten is it ferhaal trouwens kostlik om te hearren. Op de site stiet in priuwke.

 

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011