Achte freon, kunde of klant, of oare belangstellende, Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus
|
||
Nijsbrief 31 july 2011 |
||
PC - Frjentsjer 3 augustus |
KEATSE |
Freulepartij - Wommels 10 augustus |
De fiifde woansdei fan july |
||
Woansdei 3 augustus is it PC en in wike letter keatse de jonges yn Wommels de Freulepartij. Twa hichtepunten yn de Fryske sportwrâld, dy't ek beide oan bod komme yn: Bretaalwei de Brand, fan Jelle Bangma, oer dé keatser fan de tachtiger jierren, Johannes Brandsma. De Brand ferlei grinzen en gie ek letterlik de grins oer, om de want yn België op te nimmen. Bretaalwei de Brand, 3 cd's, € 13,50 yn de boekhannel of rjochtstreeks by Audiofrysk en as download by Luisterrijk foar € 11. It boek wurdt foarlêzen troch Jelle Bangma. |
||
Moanne fan it spannende boek wie sukses |
|
|
De hiele moanne stiene misdiedferhalen rûnom yn de spotlights. By Audiofrysk wie Ien foar de wraak fan Joop Boomsma fergees del te laden fia Luisterrijk. En dat is ek bard. Mear as hûndert kear is de misdiedroman ophelle.
|
||
Ferbouwing | ||
DAT tekstbureau en Audiofrysk ferbout.Yn de rin fan de simmer krije wy in beheinde útwreiding fan ús bedriuwsromte. It âlde hok mei de klimop is sloopt en ferantwurde ôffierd. No komt der in nij hok, dat dy namme lykwols ûntstiicht, want it wurdt ek in túnkeamer, opslach harkboeken, fergaderromte, ensfh. |
||
Foar de bern is de komplete Mentha Minnemasearje as harkboek te krijen. Dizze amateurdetektive rekket hieltyd wer belutsen yn mystearjes, dy't se mei help fan Pyt Pander fan de polysje en fansels de bern, dy't by har yn de buert wenje, besiket op te lossen. De rige is skreaun troch in kollektyf fan trije berneboekeskriuwers, dat bestie út Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong en Jan Schotanus. |
|
|
Kontakt Audiofrysk:
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan DAT tekstbureau Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven