De tredde nijsbrief fan Audiofrysk, |
||
Nijsbrief 29 augustus 2011 |
||
IEPENLOFT |
||
Iepenloftspul Jorwert oan premjêre ta |
||
Woansdei is it sa fier. Bohemia giet yn premiêre. Wy fan DAT tekstbureau hawwe û.o. de oersettingen fan alle lieten makke. Bram Vermeulen wie dêrby suver in (her)ûntdekking. Yn in fier ferline ha Marja en ik ien fan de earste programma's fan Vermeulen en De Jonge's Neerlands Hoop bywenne. Yn dy tiid wie dat in relevaasje. Hy wie by ús in bytsje út it sicht ferdwûn, mar der blykt noch altyd in grutte belangstelling foar Bram Vermeulen te wêzen. De troch regisseur Tjerk Kooistra en ko-regisseur Ekko de Bakker útkeazen lieten lykje bytiden skreaun te wêzen foar it ferhaal, dat Bohemia fertelle wol. It is muzykteater op basis fan in opera, mei alve filosofyske lieten fan Bram Vermeulen en fiif hurdere rocknûmers fan AC/DC. Foar mear ynformaasje sjoch Iepenloftspul Jorwert. Treast nei in minne simmer: It liket derop dat Irene, dy't de Amerikaanske eastkust teheistere hat, moai waar nei West-Europa stjoert. En yn Jorwert is it gauris droech nei jûns acht oere... |
||
Op kommende wei |
|
|
Twa harkboeken foar bern steane yn de stegers: Hanneke de Jong - Salsafamke, 4 cd's € 13,50 |
||
Auck Peanstra - De Traveliers - Kantsje board op Kurasao 3 cd's € 12 Yn dit fiifde diel fan de rige giet de famylje Travelier op fakânsje nei Kurasao. Heit Marten docht ûndersyk nei geologyske prosessen, komt dêrtroch ek op plakken, dy't bûten de bewende paden lizze. Hidde en Fardau ûntdekke dêr in ferfallen hut mei in âld kuolkast. En dan belânje se yn in aventoer, dat spannend genôch is. Kantsje board is it, as se yn de hite sinne skoften op see omdobberje... It papieren boek is noch net ferskynd, dat wy moatte even wachtsje foardat wy it harkboek op de merk bringe kinne. |
||
|
In wiete july |
|
Moanne fan it Fryske Boek
16 sept - 16 okt |
||
|
|
|
Kontakt Audiofrysk:
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan DAT tekstbureau Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven