De fjirde nijsbrief fan Audiofrysk, |
||
![]() |
Nijsbrief 27 septimber 2011 |
|
Krekt ferskynd |
|
|
![]() |
Op 17 septimber wie it dan safier. Salsafamke is no as harkboek te keap. Hanneke de Jong - Salsafamke, 4 cd's € 13,50 Salsafamke hat yn 2010 de Simke Kloostermanpriis krigen. Út it sjueryrapport: |
|
![]() |
Moanne fan it Fryske Boek 16 sept - 16 okt Ek by Audiofrysk krije jo De treastfûgel fan Hylke Speerstra (it papieren boek) fergees by oankeap fan in harkboek. |
|
It nije hok |
||
![]() |
||
De Traveliersskriuwers oan it wurk foar it nije hok fan Audiofrysk. Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus besprekke de lêste oanpassingen fan it sechsde boek yn de searje De Traveliers. Titel: noch ûnderwerp fan diskusje. It boek fan Anny de Jong spilet op de grins fan Finlân en Ruslân. It hok is fierhinne klear, en Luut Stallinga, eartiids direkteur fan Heerenveense Koerier en Ljouwerter Krante, hâldt de boel wat yn de gaten. (Reliëf Jentsje Popma) |
||
![]() |
Iepenloftspul Jorwert ôfrûn |
|
It waar like de grutte spulbrekker te wurden dit jier, mar úteinlik ha wy de foarsterlling mar twa kear ôflaskje hoegd. Beide kearen binne op de plande reservejûn ynhelle. De lêste beide jûnen wie it prachtich stil waar en al luts de kjeld wolris in bytsje om de knibbels, de muzyk en it spyljen hold ús waarm. Dat yn tiden dat op kultuer koarten wurdt en de btw ferhege, dochs omtrint alle foarstellingen útferkocht wiene, jout moed. Fjouwer lieten steane op de site fan Jorwert. |
||
![]() |
|
![]() |
Kontakt Audiofrysk:
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan DAT tekstbureau Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven