Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

Nijsbrief

27 oktober 2011

Audiofrysk Nijsbrief

Op kommende wei



Yn novimber sil Klaas Bruinsma ien fan syn ferneamde wurken ynlêze foar Audiofrysk. It giet om Pseudo Homearus - De striid tusken froasken en mûzen, in luchtige parody op de Ilias. Bruinsma hat it út it Gryksk oersetten en by Elikser útbrocht (2010).

Pseudo Homearus

 

 

Boeken fan Fryslan

 

Boekemerk 15 okt

Prima dei yn Drachten
De sinne skynde oer de Fryske literatuer, it is al wer jierren lyn dat it sok moai waar wie op de boekemerk op it Frânske pleintsje.
Der wie in soad folk op 'e lapen en de measte útjouwers ferkochten mear as ferline jier.
Audiofrysk hat krekt deselde omset draaid, mar der binne wol in protte flyers útdield en kontakten lein. Foar mear foto's klik hjir.

Boekemerk oersjoch

Tyskerblues - GINHOUSE BLUESBAND

Op snein 6 novimber wurdt yn Easterwierrum de earste Tyskerblues organisearre. Audiofrysk is meibelutsen yn de organisaasje en sponsort ek in bytsje.
Om 16.00 oere geane de doarren fan doarpshûs De Tysker iepen, de Ginhouse Bluesband begjint om healwei fiven en spilet oant likernôch healwei njoggenen. Dizze trochwintere groep, mei de Easterwierrumer drummer Johannes Dijkstra en gitarist Rik Meijer, spilet in oantreklike miks fan bluesballads en up-tempo bluesrock.
Op it plaatsje posearret de band, - lang lyn, om 1995 hinne -, by de achterdoar fan de roomske tsjerke yn Easterwierrum.
Tagong fergees!

De bluesband yn Easterwierrum

Tyskerblues
 
O ja, diskear gjin nijs fan it hok, behalve dan dat it behing deryn sit.
Mentha en it kattemystearje


Mentha Minnema en it klokkemystearje is fergees beskikber, om de bern op 'e smaak te bringen.
Prolongearre!

 

Mentha en it klokkemystearje fergees

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

augustus 2024

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011