Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus |
||
Nijsbrief 13 jannewaris 2012 |
||
Klear foar de Bernesjuery
It harkboek De Traveliers - Kantsjeboard op Kurasao fan Auck Peanstra is klear, moai op 'e tiid om mei te dwaan foar de Berneboekesjuery 2012. Berneboekesjuery Om it jier kinne learlingen fan de basisskoallen meidwaan oan de Fryske Berneboekesjuery. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjelde fertsjinnet. - Auck Peanstra - It goud fan de Aboriginals Fan alle fiif dielen is ek it harkboek beskikber! |
||
|
||
|
Nasjonale Foarlêsdagen, gratis audioboek
Audiofrysk stelt fergees in audioboek beskikber yn de perioade fan de Nasjonale Foarlêsdagen. Dêr kinne jo trochklikke om it binnen te heljen. In soad nocht mei Mentha Minnema! De aksje jildt allinne fan 18 oant 28 jannewaris. |
|
Harkboeken op de smartphone Wy ûndersykje op dit momint oft ek Fryske audioboeken as app te keap oanbean wurde kinne yn de ûnderskate applikaasjewinkels. No kinne jo in audioboek fansels ek gewoan yn de mp3-spiler fan de telefoan ôfharkje. Der binne ferskillende players om dat noflik dwaan te kinnen. By de Apple kinne harkboeken fia
Audiobooks as app belústere. Mar dêr moat dan wol de app Bookmark by om by te hâlden, wêr't je binne. |
|
|
It Sirkwy-seminar, de rige lêzings dy't ferline winter opstart is troch Audiofrysk, kriget in moai ferfolch yn de: Literêre 4-Stêdetocht Op 17 jannewaris (Tresoar 20.00 oere) begjint de Literêre 4-Stêdetocht. Dat is in net earder fertoand fenomeen, mei as doel de diskusje oer Fryske literatuer libjend te hâlden. As earste sprekker komt André Looijenga (winner fan de Jongereinblog 2011) op 'e tekst oer it skriuwen yn in lytse taal. Yn syn lêzing sil hy û.o. de Fryske situaasje fergelykje mei dy fan it Lúksemboarchsk en it Friûlysk. Fjouwer sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in tal markante aspekten fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. De lêzings wurde hâlden yn de fjouwer grutste Fryske 'stêden': Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits, alle kearen op in tiidsdeitejûn yn in bibleteek. Elke lêzing stiet op himsels en de harkers hoege net de hiele 4-Stêdetocht te folbringen… Audiofrysk makket wer opnamen en sil der nei alle gedachten in harkboek mei alle fjouwer lêzings fan útbringe. Sjoch hjir foar it hiele parseberjocht. |
||
Literêr Sirkwy Op snein 29 jannewaris is it folgjende barren fan it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun. Under de titel Dy't in hûs fynt op 'e wyn binne de gedichten fan Abe de Vries ek te keap as audioboek. |
||
Notearje no al fêst: Tongersdei 15 maart 15.30 oere oanbieding fan it harkboek Pseudo-Homearos, de Striid tusken Froasken en Mûzen, fan Klaas Bruinsma oan deputearre Johannes Kramer. |
||
|
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465 |
Audiofrysk is in inisjatyf fan DAT tekstbureau Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven