Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus
|
|
nijsbrief
2 maart 2012
|
|
|
Útnoeging
Ek út namme fan útjouwerij Elikser noegje wy jo fan herten út foar de presintaasje fan it harkboek Pseudo-Homearus De Striid tusken Froasken en Mûzen en de nije bondel Sint Brandaan, dy't as papieren boek ferskynt by Elikser.
Plak: Ljouwert Tresoar - Gysbert Japicxseal
Tiid: 15 maart 15.30 oere, ynrin 15.15 oere
Sjoch hjir de útnoeging yn syn hiele hear en fear.
|
|
Wurkoerlis Audiofrysk, Elikser en Klaas Bruinsma.
Fansels sit Bruinsma wer klear om in oersetting foar te lêzen! |
|
Alvestêde-aksje slagge!
De tocht der tochten is net trochgien, it iis is wer fuort en de dellaadaksje fan Jabik en Dieuwertje is foarby. In sukses wie it, want der binne mear audioferhalen delladen as dat der kilometers yn de Tocht sitte: 216!
It Alvestêdeferhaal fan Hylke Speerstra bliuwt noch wol online beskikber, mar der moat no 5 euro foar betelle wurde. As jo wat mear deltelle krije jo de oare tsien ferhalen der ek by. Ek ris besykje? Hjir stiet de link nei Luisterrijk. |
Op kommendewei
Harkboek fan De Reade Bwarre fan Trinus Riemersma. Spannend en nijsgjirrich.
Mear is der noch net oer te sizzen.
|
|
Lêste 4-stêdetochtlêzing ek in sukses
De fjouwer lêzingen dy't yn jannewaris en febrewaris yn fjouwer bibleteken holden binne, blike yn in ferlet te foarsjen. Noch net iens sasear kwa oantallen taskôgers, je tinke soms, skande dat net mear minsken dit prachtige barren meimeitsje, mar benammen ek om de stúdzjes dy't makke binne en aanst op papier en as harkboek beskikber binne.
Sa hat de lêzing fan Sigrid Kingma oer Berneliteratuer al laat ta in nijsgjirrich artikel yn it Friesch Dagblad, dat op syn beurt Annigje Toering oanset hat ta fragen oan DS oer de promoasje fan it Frysk berneboek.
Beslút
De lêste jûn wie yn Snits mei skriuwer Nyk de Vries, dy't in ynspirearjend ferhaal hold oer de 'generaasje' fan De Blauwe Fedde, ûnder de titel 'Raffelich realisme'.
Yn april ferskine alle fjouwer referaten yn in spesjaalnûmer fan Ensafh en as audioboek by Audiofrysk.
It begjin fan de lêzing is hjir te hearren.
|
|
Noch altyd...
Traveliers, oanbod foar de skoallen
Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery.
Wa kriget de priis foar it moaiste ferhaal?
Alle Traveliers-boeken binne ek te keap as audioboek.
Yn febrewaris en maart biedt Audiofrysk dy fiif audioboeken as searje te keap oan foar 50 euro, ynklusyf ferstjoerkosten! Stjoer in mail mei de namme en adres fan de skoalle (besoarchadres!) en se komme jo kant op. |
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |