Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus
|
 |
nijsbrief
28 maart 2012
|
|
Prachtige middei mei Bruinsma yn de haadrol
 |
Tresoar, 15 maart 2012
Goed sechtich gasten wiene ôfkommen op de oanbieding fan it earste harkboek fan Klaas Bruinsma. De portretten yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar wiene tsjûge fan in ynspirearjende oardel oere.
Mei syn bysûndere foardracht tsjoende Klaas Bruinsma ús de wrâld fan de froasken en mûzen yn it âlde Grikelân foar.
|
Deputearre Kramer wie tige ynnommen mei it earste eksimplaar fan it harkboek fan de Pseudo-Homearus. Hy pleite foar folle mear audioboeken yn it Frysk, ek op de moderne media. Sels kocht er in protte harkboeken fia Audible, in Ingelske boekfersprieder. Opfallend wie, dat er de Reade Bwarre fan Trinus Riemersma as foarblyld neamde fan wat geskikt is. Audiofrysk hat krekt de earste stappen set om dat wurk op cd en online út te bringen. Jitske Kingma fan Elikser koe noch meidiele, dat it ynkoarten ek as e-book ferskynt. |
 |
 |
It Doarpskoar Easterwierrum soarge foar in muzikaal yntermezzo, dat besletten waard mei 'Wolkom, freugde fan de wrâld', it fers fan Gysbert Japicx, dat net allinne yn it Latyn oerset is troch Bruinsma, mar dat er no ek yn it Latyn song.
|
De spannende pylgerreis fan Sint Brandaan waard, nei it oanbieden fan it earste eksimplaar troch Jitske Kingma fan Elikser, yn it ljocht setten troch pastoar-emearitus Jan Romkes van der Wal. |
 |

|
It koar sleat de middei ôf mei noch in fjouwertal lieten út it wrâldrepertoire.
By in hapke en in drankje waard oer de slagge middei neipraat.  |
|
 |
Op kommendewei
Echt moai - Wieke de Haan
Literêre 4-stêdetocht, 4 lêzings oer de hjoeddeiske literatuer yn Fryslân.
Yn april ferskine alle fjouwer referaten yn in spesjaalnûmer fan Ensafh en as audioboek by Audiofrysk.
It begjin fan de lêzings is hjir te hearren. |
 |
|

Nije website De Traveliers
Op de AFUK-site is no ek in eigen plakje foar de Traveliers. Fansels is de site noch net folslein, mar de earste teksten en plaatsjes steane der op.
|
|
Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery.
Wa kriget de priis foar it moaiste ferhaal?
Alle Traveliers-boeken binne ek te keap as audioboek.
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |