Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

21 april 2012

Audiofrysk Nijsbrief
Wike fan it harkboek

 

Week van het luisterboek

23 o/m 28 april

In ideaal momint om in harkboek fan Audiofrysk te probearjen.

Wike fan it harkboek

Echt Moai

 

Echt moai - Wieke de Haan

Yn 2007/8 makke Wieke de Haan 17 ynterviews mei froulju oer moaiens en it inerlik. It binne nijsgjirrige artikels wurden oer in grut ferskaat oan ûnderwerpen.
Krekt troch de aard fan dit boek is it hiel geskikt om as harkboek ferkocht te wurden. It docht ús dan ek deugd dat it no as nr AF-F26 ferskynd is yn ús fûns.

It giet om dizze froulju:

cd1:
1 Ynlieding
2 Anita Andriesen
7 Jantien de Boer
9 Anneke Hogeveen
12 Maaike Hornstra
cd2:
1 Grietje Huisman
7 Lutz Jacobi
10 Hanneke de Jong
cd3:
1 Geertje Kingma
6 Yfke Kingma
9 Doutzen Kroes
cd4:
1 Elske Riemersma
4 Brecht Schaafsma
9 Elske Sinia
13 Froukje Tuinstra
cd5:
1 Sytske Veltman
5 Hiltje Wijnia
8 Wieke de Haan

Literêre 4-stêdetocht

It harkboek mei de fjouwer lêzings is klear! Wolle jo op de hichte komme fan de lêste stân fan saken fan de Fryske literatuer, dan kinne jo jo deljaan mei ien fan dizze sprekkers, en jo ha wer foar jûnen stof te praten.
De lêzing fan Sigrid Kingma oer berneliteratuer late sels ta fragen yn Provinsjale Steaten. It is moai dat de boekewrâld de lju dochs net kâld lit.
De lêzing fan Nyk de Vries is lardearre mei in pear muzikale foardrachten, dúdlik in mearwearde foar dit audioboek.
Foar in beskriuwing fan de fjouwer lêzings sjoch de site fan Audiofrysk.

De lêzings binne op papier beskikber as nr 5 fan it tydskrift Ensafh.

Fansels binne se aanst online te keap by Luisterrijk. Nei alle gedachten sille se dêr ek ôfsûnderlik te keapjen wêze foar in sêft pryske: 5 euro foar in referaat fan mear as in oere.

SIrkwy Seminar 2012

André Looijenga 
Greet Andringa
Sigrid Kingma 
Nyk de Vries 

Alice yn Wûnderlân

 

Op kommendewei

Alice yn wûnderlân

fan Lewis Carrol,
oersetten troch Tiny Mulder

 

 

 

Alice Nij

 

Nije website De Traveliers
Op de AFUK-site is no ek in eigen plakje foar de Traveliers. Der wurdt noch hurd oan wurke.
Yn de kommende Berneboeketiid mei as tema:

Hallo Wrâld!

steane de Traveliers yn de spotlights. Kin ommers ek net oars, dizze boeken spylje op hiel ferskillende plakken fan de wrâld.
De sjuery fan de Bongelboekepriis 2010 hie dat hiel goed sjoen troch de searje te bekroanen en de skriuwers mei in wrâldbol te ferearjen.

Hallo Wereld

 

Dochst mei?

 

Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery.
Wa kriget de priis foar it moaiste ferhaal?
Alle Traveliers-boeken binne ek te keap as audioboek.

Noch in pear wike en de aksje slút.

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief